12-14 Tsjerk de Jong |
12. De Israelyt (II) De plysjeman Jacob Middelkamp fan it haadburo fan de plysje te Amsterdam besiket op sneon 11 febrewaris de fan stellerij of heeljen fertochte David de Vos. Rouke van der Meer hie de leeftyd fan De Vos aardich skatten. De Vos is 54 jier en is op 6 febrewaris 1851 yn de stêd Harns berne. Hy is no keapman yn âldheden op de Sint Anthoniebreestraat 57 (1 heech). De Vos fertelt oan plysje Middelkamp, dat er op 1 febrewaris mei de hear Grootkerk mei de trein fan Snits yn Warkum oankaam. Se woenen dêr saken dwaan. Grootkerk kocht twa boarden fan 0,50 it stik. Omdat Grootkerk wer nei Ljouwert ta woe, om yn Wurdum in ferkeaping by te wenjen, naam De Vos dy twa boarden foar him mei nei Amsterdam, Eins hie er dy boarden ferkeapje moatten, mar dêr hie er gjin nocht mear oan hân. Doe't er yn Warkum yn de trein stapt wie, om nei Amsterdam te reizgjen, kaam er yn de kunde mei in slachter Van der Meer. Se hienen in praatsje oer de hannel. Van der Meer sei, dat er faaks wol hannel foar De Vos wist. De Vos joech Van der Meer syn nammekaartsje om sa reklame foar himselts te meitsjen. Tidens de reis seach De Vos op syn gouden manljus "remontoir" horloazje, omdat er him fan de tiid oertsjûgje woe en omdat er dochs nóch in horloazje hie, seach er ek op syn koperen en fergelyke de tiid. Hy hat dy twa horloazjes mei it doel se te ferkeapjen, dat giet net sa hurd, want hy hat se no al wer seis moanne yn it besit. Se binne yn Frjentsjer kocht fan in Schiering foar 3,00 en De Vos hie der in gouden horloazje en trije stikjes diamant út in pear earbeltsjes op ta krigen. Dy Schiering skynt no yn it falissemint te sitten. Plysje Middelkamp sjocht ek eefkes by de 54 jierrige Jacob Grootkerk, dy't keapman yn ûnderoaren antike meubels is op de Nieuwmarkt 25 op de hoeke fan de Sint Anthoniebreestraat. Grootkerk jout ta, dat er op 1 febrewaris mei De Vos nei Warkum reizge is, om dêr hannel te dwaan. De twa boarden fan âld Delftsk ierdewurk kocht er fan in ûnbekende winkelman yn glês en ierdewurk, dy't yn in brede strjitte, fan it stasjon ôfkommende besjoen de waach foarby, wennet. Grootkerk hat de boarden noch: - in djip board fan blau Delftskst ierdewurk, mei op de râne ovale úthoeken en - in plat board van deselde kleur mei in skuor der dwerstroch hinne. It is Grootkerk bekend, dat De Vos twa horloazjes yn it besit hat. Sadat bliken docht, dat De Vos ûnskuldich is. |
||||||
1. Wim van der Meer mailde dat syn oerpake Rouke van der Meer letter in slachterij hie op it Dwarsnoard 7. Syn soannen Wiepke en Rein waarden ek slachter. Rein yn Warkum en Wiepke yn Harns. Oan de ein fan de jierren 60 kaam Wiepkes soan Rouke (1930-1982) wer yn Warkum te wenjen, ek wer op it Dwarsnoard tsjin de slachterij oer. Dizze Rouke wie de heit fan Wim. | ||||||
14. Rink yn Amsterdam
it kafee Görtz is it gebou mei it grutte kajút tredde fan lofts
fotokolleksje Willem G. Twynstra
Op de jûn fan sneon 25 febrewaris, moetet Rink yn de herberch fan Pibe Visser en Lolke van der Veer. Mei harren trijen geane se op wei nei it gasfabryk. Underweis docht Rink ien fan de gaslantearnen út. Om 12 oere komme se by it gasfabryk en geane yn Rinks keamerke sitten, dêr't se in skoft tahâlde. Om 3 oere moatte de retorten op en nij folle wurde. Rink en Pibe geane tegearre nei it stookplak, want Lolke is ûndertusken yn sliep fallen. In pear dagen lyn hie Pibe ek al ris by Rink west. Rink hie doe ferteld, dat er graach nei Amsterdam woe, om dêr skûtefaar te wurden. Wylst se no sa tegearre yn it fabryk binne en Pibe Rink by it wurk helpt, freget Pibe ynienen, hoe't Rink oan it adres fan de skûtefaar yn Amsterdam komt. "Kom hjir ris," seit Rink: "dan sil ik dy ris wat fertelle, want it hege moed komt my op". "Ja?," seit Pibe. Tegearre geane se op de sintels sitten. Rink fertelt Pibe fan wat der yn de nacht fan 27 op 28 jannewaris bard is: "Ik en Tsjipke hawwe de stelderij dien". "Och, God jonge," seit Pibe skrokken: "hast dy troch De Vreeze ferliede litten!" Mei triennen yn 'e eagen seit Rink: "Ik koe it hast ek net dwaan. Doe ha ik earst mar ris foar 16 sinten jenever nommen, om moed yn te drinken, want wy hienen ôfpraat by de brêge byinoar te kommen. By Tsjerk ha ik mei it izer de ruten ynslein en bin doe yn 'e hûs gien. Ik ha doe in tromp út 'e kiste krigen. Doe't ik by De Vreeze kaam, sei er: 'Dat is de ferkearde tromp, dêr sitte mar Roomske papieren yn.' Dêrnei bin ik wer nei de kiste ta gien en ha in oare tromp pakt." "Wa hat it jild no?" freget Pibe. "Tsjipke hat de tromp leechmakke. Hoefolle der yn siet wit ik net, Hy hat it papier meinommen." seit Rink: "Dêrnei ha ik de tromp yn it Djippe Gat smiten. De Vreeze hat my doe it sulver en goud jûn en sei: 'Smyt it yn de haven'." Rink fertelt, dat er dat net dien hat, mar dat er it tusken de peallen fan de seedyk ferstoppe hat. Dat er oan de hals ta troch de Droege Dolte hinne rûn is, om bryfkes ûnder de pannen fan it hinnehok fan De Vreeze wei te heljen. En dat er no nei Amsterdam ta gean sil, om dy te wikseljen.
it gasfabryk oan de Nonnestrjitte
lofts fan de gassilo stiet de wente fan direkteur Jan Bogtstra
kolleksje Museum Warkums Erfskip
At Rink it wurk dien hat, hellet er it papierjild út de stienkoal wei en lit it oan Pibe sjen. It is al 4 oere at Rink en syn twa maten it fabryk ferlitte. Rink docht noch inkele ljochten út en giet nei hûs ta, om te sliepen. In lange nacht wurdt it net want, om 8 oere stiet Rink al by de direkteur fan it gasfabryk Jan Bogtstra op de stoepe, Rink freget him oft er dizze snein wol frij mei. Mocht er fan 'e jûn om 7 oere noch net thús wêze, dan sil er om healwei tsienen mei de sneltrein, dy't út Hollân wei allinnich yn Warkum stoppet, wer thús komme. Hy kriget tastimming fan de baas. Gau giet er noch eefkes by it gasfabryk lâns, om de masterfeint Teake Faber te sizzen, dat er hjoed net komt en dat er fan 'e jûn 10 oere wer thús is. Faber freget oft er al tastimming fan Bogtstra hat. Foardat er op de healwei njoggenen trein stapt, stekt er noch eefkes by it stasjonskofjehûs oan, dêr't er trije boarrels achteroer slacht. Op de stomboat fan Starum nei Inkhuzen moetet er in kunde, dy't er op in bierke traktearret.
Sintraal Stasjon Amsterdam
It is al 12 oere at Rink mei de trein yn Amsterdam oankomt. Fan it spoar ôf rint er earst oer in brêge oant eefkes it Victoria Hotel foarby. Slacht dan rjochtsôf en wiksellet dêr yn in herberch syn earste biljet. Meiïnoar docht er trije herbergen oan, dyt allegear by it stasjon steane, op it streekje, dêr't ek it Victoria Hotel is. Yn eltse herberch wiksellet er in "bankje" fan 40,00, Yn de tredde herberch moetet er in Sonsbeek fan Grins. Dy man giet mei Rink op in paad. Se besykje ferskate kroegen. Om 2 oere komme se yn de kroech fan Hendrik Nagel oan de Nieuwendijk 146, dêr't Rink ferskate minsken traktearret. Rink seit, dat er seeman is en krekt lyn ôfmeunstere is mei 300,00 yn 'e bûse. Hy jout Nagel 255,00, yn bryfkes fan 60 en 40 en sulverjild, yn bewarring. Dêrnei ferlit er de tapperij en begjint wat troch Amsterdam te swalkjen. Foar trijen komt Rink yn it dûnshûs de "Queen of England" oan de Zeedijk 20. Dêr treft er de 28-jierrige Jan Thur fan Halfweg, in plakje yn de Haarlimmermar. Rink is wer drok oan it traktearjen. Jan wurdt it meast traktearre. Hy is der suver ferlegen mei en seit, dat er net werom traktearje kin. Rink jout him dêrom twa kwartsjes en ferlit de "Queen of England". Om likernôch 3 oere komt Rink yn de tapperij en dûnshûs "Stad Hamburg" fan Wilhelm Smit oan de Zeedijk 29. Hy fertelt dêr dat er seeman is en dat er Kees hjit. Hy hat trije jier fuort west en is no ôfmeunstere mei 1.800,00. Rink ferbrûkt wol foar 7,00 konsumpsjes en betellet mei in bryfke fan 40,00, dat hielendal ferknûkele is. De midden fan it bryfke sit fol mei gatten en efterop sit in brún plak fan rust of bloed. Hy fertelt oan de kastlein, dat er hjoed mei in retoer fan Warkum kommen is. Mar hy tinkt nea wer werom te gean en smyt it kaartsje yn 'e koalebak, wylst er seit: "Dat kan jij wel gebruiken!". Smit hellet it kaartsje wer út 'e koalebak en sjocht dudlik, dat dat wirklik in hinne en werom Warkum-Amsterdam is en dat it hjoed stimpele is. Neidat Rink Smit betelle hat, ferlit er de "Stad Hamburg". Nei hoartsje komt er wer werom,.... giet wer fuort, sûnder te beteljen..... en komt wer werom. Smit wol dochs wol graach, dat syn klant betellet en freget Rink om jild. Rink wurdt lilk en smyt allerhanne dingen oer de grûn, ûnderoaren wer it retoerke Warkum-Amsterdam. Smit lit gau immen mei it kaartsje nei it stasjon rinne, om dêr te freegjen oft der ek jild op te krijen is. Spitigernôch foar Smit is dat sa net. Boppe dat nimt de sjef fan it stasjon it kaartsje ek noch yn beslach, sadat no net ien mear wat oan dat kaartsje hat. Nei lang praten, it is al 7 oere, nimt Rink Smit mei nei de herberch fan Nagel. Nagel jout Rink fjouwer ryksdaalders, sadat Rink syn skuld fan 4,00 foldwaan kin. Neidat Smit de herberch fan Nagel ferlitten hat, giet Rink ek wer de strjitte op. De jûns komt Jan Thur Rink op de Zeedijk tsjin mei twa froulju mei in minne namme by him. Omdat Jan tinkt, dat Rink wol 1.800,00 yn 'e bûse hat, hellet er him by de twa froulju wei. Rink jout Jan in ryksdaalder en freget him, om de hiele jûn by him te bliuwen. Tegearre besykje se inkelde tapperijen, wylst Rink hyltyd wer traktearret: 2,00 hjir en 2,00 of 3,00 dêr. Jan warskôget Rink wat fersichtiger mei it jild te wêzen, want aansen is alles op. Mar dat falt neffens Rink wol wat ta, want hy hat in grut part fan it jild by Nagel yn bewarring jûn.
De Nieuwendijk, dêr't de kroech fan Hendrik Nagel stiet
Op in bepaald stuit is it jild op. Rink freget Jan oft er mei giet om 25,00 op te heljen. Tegearre komme se om 10 oere by de tapperij fan Nagel. Rink traktearret Jan op in slokje en lústeret Nagel wat yn it ear. Nagel jout Rink 10,00. Rink betellet de konsumpsjes fan 10 sinten en giet mei Jan wer nei de Zeedijk. By "moeder Baard", de tapster oan de Zeedijk 23, treft Rink de Meppeler Mina. Rink freget har oft se him noch kent. En yndie se kent him noch. Sân jier lyn hie er as skippersfeint ek al ris by har west. Hy fertelt ek oan har, dat er in reis makke hat fan wol trije jier en no mei 1.800,00 ôfmeunstere is. Jan Thur hat yntusken de twa efterlitten. Op in bepaald stuit is it jild hast al wer op. Rink wol mei de Meppeler Mina nei Nagel ta om noch mear jild op te heljen, mar se wegeret om mei him der hinne te gean. Foar in ryksdaalder mei Rink de kommende nacht by har sliepe, mar foardat dat safier is, hat se noch foar in kwartsje konsumpsjes mei him fertard...... De moandeitemoarns wurdt Rink nuver wekker. Hy leit by de Meppeler Mina op bêd!!! Rink fielt, dat er noch net nofteren is. Der sit noch mar in stoer yn de bûse. It kaartsje en alles is fuort. Hy wit net mear wat der de foarige jûns bard is, ek net oft er de Meppeler Mina wol betelle hat, mar dat sil hast wol . Rink ferlit syn Meppeler Mina en giet nei de herberch fan Nagel, om alle jild op te freegjen. Hoefolle it presys is wit Rink net, mar it sil noch wol sa'n 235,00 of 240,00 wêze. Rink jout Nagel in ryksdaalder foar de muoite. Yn 'e jasbûse stekt er in bryfke fan 40,00, twa fan 10,00 en in gouden tsientsje, wylst er it oare jild, wat sulverjild en 4 of 5 gouden tsientsjes, yn 'e broeksbûse docht. Rink nimt ôfskie fan Nagel en seit dat er nei syn âlden, dy't yn Inkhuzen wenje, ta sil. Alhoewol't er noch ûnder de ynfloed fan de alkohol is, kin er noch wol rinne. Mar hy komt al wer in pear herbergen tsjin, dus stekt er dêr mar wer eefkes oan. Hy sjocht ek noch eefkes yn de herberch fan Sonsbeek en wurdt wer dronken. It is al tsien oere at er op de trein nei Warkum stapt. |
Yn Warkum giet er de middeis earst nei hús ta en dêrnei pas nei it gasfabryk, dêr't er it jild op 'e nij yn 'e stienkoal ferstoppet. Direkteur Jan Bogstra fernuveret him oer it gedrach fan Rink. De reiskosten en it lean fan Rinks ferfanger Pibe Visser binne meiïnoar wol in lytse tsien gûne, wat foar in arbeider as Rink in soad jild is. Op de fraach, hoe't it mooglik is, dat er sa let werom is, seit Rink dat er om in baan as skippersfeint yn Amsterdam socht hat. Dat woe spitigernôch net slagje, dat sadwaande hat it ferbliuw yn Amsterdam wat langer duorre as dat de bedoeling wie.
* * *
De jûns komt de meniste feinteferiening De Vriendenkring yn de Harmonie op de Merk byelkoar. It lid G.P. Boersma lêst dêr syn gedicht Ze waren te glad foar: |
||||||
26 Februari
1905
G.P. Boersma
|
Ze waren te glad. Een uurtje gaans van deze stad. Daar woont midden in het heidenschap, De oude potter, gekke Tjerk. Hier ging het laatst vreemd in het werk t Was in een donkre winternacht. Toen hadden een paar personen bedacht, Om een weinig geld daar weg te halen Gekke Tjerk kon t wel betalen. Ze braken door een vensterruit, En vonden daar een goeden buit. De oude man stuurden ze in t nest En deden daarna flink hun best. Een oude trommel, met edel metaal, Was van hun gading. Wat brutaal! En met veel bankpapier gingen ze ook aan den haal, Dat vond de rechtbank een groot schandaal. Onderzoek werd ingesteld, Doch dit wordt thans niet veel meer geteld, Want de daders heeft men nog niet gevat, Ze waren allen de justitie veel te glad. |
|||||
De kastlein fan "Stad Hamburg", Wilhelm Smit, siet aardich mei it ferknûkele bankbiljet fan 40,00 yn 'e mage. Hy hat hjoed by ferskate winkellju besocht it biljet te fersulverjen, mar net ien woe it oannimme. Ta eintsje beslút hat er besletten nei de Nederlandsche Bank te gean, om it bankbiljet om te wikseljen. It foel de meiwurkers fan de bank op, dat it biljet slim skansearre is. It is sels sa slim, dat Smit syn namme en adres opjaan moast. It bryfke hat it nûmer C9127. At dat mar goed komt...... |
||||||
It folkskafee fan Görtz stie op it Súd. Görtz wie fan Dútske komôf. Hy fabrisearre hierwetter. Se seinen dat it hierwetter in ôflûksel wie fan de brannettels dy't nachts op it Joadske tsjerkhôf plukt waarden 3. Pibe Visser: 28 jier fan berop fisker te Warkum Hy wennet oan de Makkumer Dyk ticht by it plak dêr Rink it goud- en sulverguod ferstoppe hat. 4. Neffens Pibe Visser gienen se op de cokes sitten 5. De herberch-tapperij fan Hendrik Nagel stiet op de Nieuwendijk 146, tusken de Oudebrugsteeg en de Dam 6. Jan Thur is 28 jier. Waard op 11 novimber 1876 yn Leiden berne. No wennet er by syn styfheit C.J. van den Dekker yn it plakje Halfweg yn de Haarlimmermar. Wurkman is syn berop 7. Wilhelm Smit is 39 jier âld en waard op 21 augustus 1863 yn Den Helder berne. Hy neamd himselts "tapper en danshuishouder" 8. "Meppeler Mina" is de skûlnamme fan de 32-jierrige Geertien Martens. Se waard op 4 april 1872 yn Meppel berne as dochter fan Jan Martens (arbeider, 30 jier) en Wilhelmina van Aalst. Geertien wennet op de Zeedijk 20 trije heech efter (boppe dûnshûs "Queen of England"). 9. De "Meppeler Mina" is by har moeting mei Rink nofteren, want yn maart wit se noch presys hoe't Rink der útsocht: "hij was ongeveer 30 jaar, tamelijk lang, blond uiterlijk, blonde snor en vol breed aangezicht." |
||||||