7-11 Tsjerk de Jong


7. Klûntsjes  

De oare deis komt Tsjipke wer by it gemaal lâns en praat wer eefkes mei Ten Ham. Tsjipke begjint wer oer de stellene bryfkes te praten. Hy fertelt, dat er de bryfkes efterút holden hat, om de troch him kochte brúne klûntsjes te beteljen, omdat er dy oars net krije kin.

Tsjipke komt ek by Ane Wibes Cnossen yn Gaast om syn waar te besoargjen. Cnossen fertelt Tsjipke, dat er ien fan de stellene bryfkes fan him krigen hat. "Ja, soks is mooglik," seit Tsjipke: "want der binne in stik of trije yn 'e omgong." En wikselet it bryfke om.

Plysje Huizing giet nei oanlieding fan it bryfke dat er justerjûne krigen hat nei Parregea ta en ûnderfreget Allart Boersma, Aalt Buis, Douwe Eekhof en Tamme de Vries.
Op it Warkumer stasjon stappe in Warkumer slachter en in Joadske keapman yn antyk út Amsterdam op 'e trein nei Amsterdam. De keapman hat twa antyke horloazjes yn 'e bûse!

Rink hat ek al heard, wat Tsjipke úthelle hat. De middeis sjocht er Tsjipke foar de winkel stean en rint by him lâns. "It is útkommen yn Boalsert".

De jûns likernôch 6 oere wurdt Rink troch de faam fan Tsjipke ophelle. At er by Tsjipke yn 'e hûs komt sjocht er dat der mear yn 'e hûs binne. Wylst de oaren der by binne freget Tsjipke oan Rink oft er him op de jûn fan de stellerij ek sjoen hat. Fansels wol Rink dat wol befestigje.

De freeds dêrnei lit Tsjipke Rink troch syn feintsje, it jonkje fan Tysma, wer by him roppe. Tsjipke fertelt Rink wat der allegear bard is en dat er no miskien arrestearre wurde sil. Hy fertelt Rink dêrom no mar wêr’t it jild is. Rink wurdt bang en smeket him asjeblyft net te ferrieden. Dat belooft Tsjipke en jout him opdracht om it jild ûnder de dakpanne fan it hinnehok wei it heljen en it ûnder de doarren fan de boargemaster en plysje Brouwers troch te skowen.  

Deselde jûns sjocht Rink wer by syn goud en sulver. It leit der noch.
8.”Tsjipke de Vreeze gaat nooit verloren...”  

Seis persoanen hawwe fan it Ljouwerter Gerjocht in oprop krigen om op sneon 4 febrewaris op it stedhûs fan Warkum te ferskinen: Allart Boersma, Douwe Eekhof, Tamme de Vries, Johan Frederik Knor, Ulke de Vreeze en Tsjipke de Vreeze.

Tsjerk leit thús in ferklearring ôf:
         PROCES-VERBAAL van getuigenverhoor
                in de zaak van
                                  N.N.
Heden den 4de Februari
                               is voor ons Rechter-Commissaris, belast met
in instructie van strafzaken bij de Arrondissements-Rechtbank te Leeu-
warden, bijgestaan door waarnemend griffier in
tegenwoordigheid van Officier van Justitie
bij genoemde Rechtbank verschenen, de als getuige opgeroepen personen die,
na beloofd te hebben de geheele waarheid en niets dan de waarheid te zullen
zeggen, op onze vraag heeft opgegeven, te zijn genaamd
         Tjerk Alberts de Jong, 56 jaar
         zonder beroep Heidenschap, Workum
     dienstbode van de                                      te zijn                  h
door bloedverwantschap of aanhuwelijking         te bestaan
                           en h           voor het plegen van het feit            te
hebben gekend, welke getuige voorts heeft verklaard
    In de zomer van 1904 heb ik mijn
    geldwaardig papier dat ik had geborgen
    in een blikken trommel en geborgen in
    een houten kist en geborgen in mijn
    woning onder Heidenschap nog nage-
    zien.
    Er bevond zich toen in die blikken trommel
    7 b.b. van 40 gulden en 3 van 60 gl.
    Na dien tijd ben ik niet meer bij die
    trommel geweest en evenmin iemand
    anders, ook Vallinga niet.
    Ik heb wel gemerkt dat er in den nacht
    van 27/28 January is ingebroken, en miste ik
    na dien tijd een trommel met bankpapier
    en gouden en zilveren sieraden,
    meer weet ik er niet van.
    Na voorlezing volhard en getekend
Op ferskate parten fan de Merk yn Warkum steane fan 'e middei ploechjes minsken byelkoar. It Gerjocht út Ljouwert is oankommen, om de stellerij by Tsjerk fierder te ûndersykjen.

Neidat Tsjipke in pear fan de by Tsjerk stellene bankbiljetten útjûn hat, wurdt der yn dizze hoeke fan Fryslân in soad oer it barren praat.

De Ljouwerter rjochters hawwe op de foardering fan de Offisier Tsjipke arrestearre, om him op it stedhûs te ûnderfreegjen en te hearren hoe't er no oan it jild kommen is.

It nijs is al gau troch de stêd. In soad minsken, dy't tiid oer hawwe, geane nei it stedhûs ta, om te sjen, wat dêr no allegear bart. De saak wurdt troch de Warkumers wiidweidich besprutsen. Net allinnich dizze stellerij, mar ek dy út ferfleine tiden komme op it aljemint, sadat de jimmeroan groeiende kliber folk hiel wat praat hat.

It is tiid om de ljochten oan te stekken. Rink ferlit it gasfabryk, mar rint ynstee fan nei ien fan de lantearnen, yn de rjochting fan de winkel fan Tsjipke en bliuwt dêr wol in kertier sitten.

Earst wurdt troch de Warkumers op de Merk mei belangstelling de tiid fan sân oere ôfwachte, omreden dat der dan in trein nei Ljouwert ta giet. Mar it skynt, dat de saak foar dy tiid net ôfhannele wurde kin.

op sneon 4 febrewaris 1905 moat it op de Merk ek sa drok west hawwe...
fotokolleksje Willem G. Twynstra

Neidat de klok sân oere slein hat en in eltsenien fan it wurk kommen is, sjogge de measten wer eefkes om it hoekje. Der wurdt wer drok oer de saak praat. De measten tinke, dat Tsjipke ûnskuldich is. It is oars wol ien mei wylde hierren, mar soks sil er nea dwaan. En al hat er it dien, wat dan noch? It is eins net iens sa'n minne keardel. Tsjipke skewielt wol gauris earme húshâldings troch dêr boadskippen te besoargjen, dy't net direkt betelle hoege te wurden. Want hy is fan betinken, dat gjin ien in dei sûnder iten kin. Dêrtroch sil er neffens oaren wol jildpine krigen hawwe.
Gekke Tsjerk is ek in klant fan Tsjipke. As Tsjipke by Tsjerk komt, moat Tsjipke altiten selts it jild út de tromp pakke. Sa hat Tsjipke mei eigen eagen sjen kinnen, dat Tsjerk dêr net sa'n bytsje fan hie. Tefolle sels, want de mûzen hienen it jild al foar in part oanfretten. Wylst in earme húshâlding it sa goed brûke kin. Guont sille Tsjipke dêrom wol as in soarte fan Jan Hut beskôgje. Boppe dat hawwe se begrutsjen mei syn frou Marijke en harren acht bern, dy't no miskien sûnder heit efter bliuwe sille.

At Rink wer op it gasfabryk komt freget syn baas Teake Faber him wêr't er sa lang west hat. "Ik waard by De Vreeze roppen," seit Rink: "want se fernuverje harren dêroer, en ik selts ek, dat  ik net heard wurdt. Ik ha Tsjipke ommers om heal wei twaën yn dy nacht yn de Begine sjoen!"

Nei ferrin fan tiid wurdt in part fan it publyk op 'e Merk oproerich. Inkelden begjinne te roppen en te razen. Heechpleatste persoanen wurde ferwitings foar de fuotten smiten.   

Tsjipke bekent it ferbrânen fan it bryfke, mar seit dat er neat mei de stellerij te krijen hat. Hy seit dat er it krigen hat tidens it omwikseljen fan biljetten. Neidat er op 31 jannewaris by de plysje Stout komme moast, wie er nei Parregea ta gien omdat er bang wie dat dat ek ien fan de biljetten wêze soe. Mar Tsjipke wit net hoe't er oan it biljet kommen is. Hy hat it miskien fan syn heit krigen, dy't fan Sjoerd Vallinga hier bart.

Tsjipkes heit   Ulke de Vreeze ferklearret, dat er  in  pleats  ferhiert oan  Sjoerd Vallinga foar ƒ 1.750,- yn 't jier. Yn novimber 1904 hat Vallinga him betelle mei 4 biljetten fan ƒ 100,-, 3 biljetten fan ƒ 60,- en 3 biljetten fan ƒ 40,- en in skoftke dêrfoar noch ƒ 100,-, hoe is net bekend. Syn soan Tsjipke is setwinkelman yn syn winkel. At Tsjipke jild nedich hat krijt er dat fan Ulke. In wike of fiif, seis lyn hat er in bryfke fan ƒ 60,- oan syn soan jûn. Foar dy tiid hat Tsjipke ek jild fan syn heit krigen, mar hoefolle is net bekend. Der wie yn alle gefallen wol jild fan Vallinga by, ûnderoaren in bryfke fan ƒ 60,-, foar de troch Tsjipke foar syn heit regele winkelsaken.

At healwei tsienen in rydtúch, in boevewein, foar it stedhûs te stean komt, om Tsjipke dêr yn te setten en nei de trein ta te bringen, wurdt it der net better op. Tsjipke is de boeiens oanlein en wurdt troch twa plysjemannen nei it rydtúch brocht. Dêr binne ûnderwyls al twa rjochters yn stapt en Tsjipke komt by harren te sitten. De doar falt efter him ticht en de reis nei it Warkumer stasjon kin begjinne. De Warkumers wurde op dat stuit wol sa lilk, dat de plysjes in bealch fol wurk hawwe, om de kliber by it rydtúch wei te hâlden, dat sels in pear kearen net slagget.

Der ûntstiet wol sa'n opskuor, dat it suver wol op in lytse opstân liket. De Warkumers folgje skreauwend en razend it rydtúch. Inkelden fleane foarút, op nei de Beginebrêge. Se draaie dy ôf. It rydtúch kin sa fansels net fierder. De plysje kin lipe of pipe, de brêge bliuwt iepen. De Warkumers steane massaal om it rydtúch hinne en roppe yn koar:   "Tsjipke de Vreeze gaat nooit verloren!". Neidat de brêge wer ticht draaid is giet de reis fierder.

de Beginebrêge ± 1905
fotokolleksje Willem G. Twynstra
 
De trein stoppet foar it stasjon. De reizigers, de Ljouwerter rjochters, de plysjes en Tsjipke stappe yn. De Warkumers helje grintstiennen tusken de rails wei en bekûgelje dêr de reizigers mei. In pear reizigers krije in stien tsjin de holle oan. Under it fuortriden wurdt de trein ek nochris mei stiennen bombardearre

Nei't de trein foartriden is, geane de measten wer op hûs oan. Ferskate ploechjes jongfolk steane noch op de Merk. Se geie de plysjes út en bekûgelje harren mei modder.

"De Banier", de krante fan it bûn fan kiesferienings op kristlik-histoarykse grûnslach yn Fryslân (C.H.U.), dy't ferslach fan de boppesteande tastannen docht, sil it folgjende as kommentaar jaan:   
....Ziehier het gebeurde dat j.l. Zaterdag in
onze anders zoo stille stad Workum heeft
plaats gevonden.Waarlijk, het deed ons denken
aan de Middeleeuwen, toen het volk voor zeer
dom werd gehouden. Maar dit nu in de 20e
eeuw, alleen bij een gewoon rechterlijk onder-
zoek. 't Is een schande!
Liever moest men de politie mee helpen in
het zoeken van de daders, opdat de schuldige
zijn gerechte straf daarvoor kon krijgen.
Wat het onderzoek aan het licht heeft
gebracht, weet men vooralsnog niet mee te
deelen en zal de Justitie de zaak verder te
Leeuwarden onderzoeken.
Mocht er echter later wederom alhier een
Gerechtelijk onderzoek plaats vinden, we
zouden ten zeerste ieder willen aanraden zich
rustig en ordentelijk te gedragen en de Justitie
vooral niet tegen te werken, maar hen boven-
dien zooveel mogelijk steunen.  

  1.

Ulke de Vreeze, 70 jier, sûnder berop te Warkum
  2.
Meidieling Annie Westendorp-Rijpma
9. In "boeren type" yn Amsterdam  

Yn it hiele lân wurdt troch de plysje nei de stellen skat socht.  Lyk as yn Amsterdam, dêr't op moandei 6 febrewaris   Jacob Middelkamp en Willebrodus Johannes van Niel fan it haadburo van de Amsterdamske Plysje yn aksje komme. Op de "Stadsbank van Leening" nr II oan de Rechtboomsloot 5-7 nimme se, nei in lyts ûndersyk, twa sulveren skuongaspen en in sulveren piipútpluzer yn beslach.

Dy saken binne op 31 jannewaris yn beliening jûn troch in man fan likernôch 55 jier, mei in normale lingte, in swiere bou, in grouwe reade holle, in "boeren type" dus, en mei donkere klean oan, krekt lyk as in fatsoenlik boereman. Faaks hie er in platte siden pet op.
Neffens de 37-jierrige bankhâlder Hendrik Paules Brinkman, dy't ek it bankgebou bewennet, binne de saken yn beliening oannommen ûnder nûmer 8872 op namme fan "Beek" foar ƒ 4,50 mei in wearde fan ƒ 5,00    

Nei't de saken nei Fryslân stjoerd en dêr ûndersocht binne, wurde se wer werom stjoerd, want se blike net fan Tsjerk te wêzen.

  3
Jacob Middelkamp en Willebrodus Johannes van Niel neame harren selts "agenten van politie, rechercheurs der Gemeente Amsterdam, tevens onbezoldigd Rijksveldwachters".

10. Sjoerd Vallinga  


fotokolleksje Frans Boersma
Fan lofts nei rjochts: Sjoerd Jelles Vallinga, syn frou Marijke Klazes Dijkstra en harren iennichts bern Anna. Yn 1905 binne se op ‘e foto setten ta gelegenheid fan Anna’s plechtige kommuny. Sy wie doe tolve jier âld.

Anna troude letter mei Ype de Boer en kaam mei har man op de pleats “Romfjild” fan har pake en beppe, Klaas Sytses Dykstra en Antsje de Boer, te wenjen. De pleats “Romfjild” is begjin dizze ieu boud. Anna lei op 26 maart 1903 de earste stien.

Nei Anna en Ype de Boer buorken dêr harren soan Sjoerd de Boer (ferneamd nei syn pake Sjoerd Vallinga) en Annie Jorna. Op 3 oktober 1970 brânde de pleats ôf. Der kaam in moderne pleats foar yn ‘t plak.

No buorkje Anna’s beppe-sizzer Jehannes de Boer en Ida Hylkema dêr.                


De plysjes hawwe de ôfrûne dagen safolle oer Sjoerd Vallinga heard. Dat se wolle him no wolris mei eigen eagen sjen en him freegje wat er mei it jild fan Tsjerk dien hat. Op moandei 6 febrewaris krijt er berjocht, dat er de oare deis yn Ljouwert wêze moat.

Yn de nacht fan 6 op 7 febrewaris in oere of heal wei twaën rint Rink fan it gasfabryk nei de Tillefonnestege. Hy wol it jild ûnder de dakpanne fan it hinnehok wei helje. By de tille giet er mei de klean noch oan yn it kâlde wetter en wâdzet troch de Droege Dolte nei it hiem fan de sosiëteithâlder Meijer, de buorman fan Tsjipke. Hy sjocht ûnder de dakpannen, mar kin it jild net fine.

De tiisdei te middeis 1 oere stiet de 37-jierrige Warkumer boer Sjoerd Vallinga foar de Rjochter Kommissaris yn Ljouwert. Sjoerd fertelt, dat Tsjerk yn jannewaris 1904 him op syn advys ƒ 2.000,- jûn hat. Want Tsjerk hie tefolle jild yn 'e hûs. Doe't Sjoerd de ƒ2.000,00 ophelle hie hat er de nûmers oan plysje Stout trochjûn. De oare deis wie Stout by him kommen, om te sizzen dat, as er it jild optelle soe, er net op ƒ 2.000,00 útkaam mar op ƒ2.060,00. "Dy ƒ 60,00 is no fan my." hat Sjoerd sein, "Mar it komt wol fan Tsjerk. Dêrfoar ha ik him lytsjild jûn." Sjoerd, dy't de boelberêder fan syn fiere neef is, woe doe lân fan Grilt Hobma en Marten Schotanus foar Tsjerk keapje. It lân is 3½ pûnsmiet grut en se fregen 4 x ƒ 500,-. Of ƒ 500,00 it pûnsmiet, mar dat wie mei de foarwearde, dat de 10 pûnsmiet, dêr't de 3½ pûnsmiet in part fan is yn syn gehiel ferkocht wurde soe. Eefkes letter hiene se him frege oft er dy oare 6½ pûnsmiet foar ƒ 460,- it pûnsmiet foar   Mebius Brandsma keapje woe. Mar Sjoerd en Mebius Brandsma fûnen de grûn te djoer.

Sjoerd hat it jild nei de notaris brocht. Hy woe besykje om foar maaie noch wat lân te keapjen. Mar letter hat er it jild yn parten wer ophelle, om it oan oaren te lienen:

- Earst ƒ 500,00 foar Jacob van der Pal, dy't doe kastlein fan "Hôtel Stad Workum" ûnder it stedhûs wie, mar koartlyn nei Amsterdam ferfearn is tsjin 4 persint.
- Letter nochris ƒ 500,00 foar Sjoerds mem Baukje Vallinga-Palstra, dy't ferlet fan jild hie, ek tsjin 4 persint en
- doe foar himselts ƒ 1.000,00. Hy hat it jild brûkt, om dêr kij mei te keapjen en betellet fansels ek 4 persint.

Sjoerd hiert likernôch 30 pûnsmiet fan Tsjerk foar ƒ 400,00 yn 't jier, mei de ferplichting it lân mei modder fruchtberder te meitsjen oant in bedrach fan ƒ 50,00 yn 't jier. Se binne de hier foar fiif jier oangien en rint yn maaie 1906 ôf. Fan dy 30 pûnsmiet  wurdt in grut part mei tastimming fan Tsjerk ûnderferhierd:
- Klaas Keimpes van der Meulen   hierde foarhinne  foar ƒ 360,00 yn 't jier 10½ pûnsmiet bûtlân en 8½ pûnsmiet binlân.
Op dit stuit wurdt
- it  bûtlân  oan  Jan Feikes Jagersma  ferhierd  foar  ƒ 200,00 yn 't jier en
- it    binlân    oan    Jehannes    Wiersma   foar  ƒ 195,00 yn 't jier.
- Bauke Ultsjes Haagsma hiert noch in stikje fan 3½ pûnsmiet foar ƒ 80,00 yn 't jier.
- Selts  brûkt  Sjoerd  8 pûnsmiet,  dêr't er foar ƒ 50,00 yn 't jier modder op bringe moat.

Sa   bart   Sjoerd   foar   it   lân  dus   meiínoar ƒ 475,00. Wylst er dêrfan selts wer ƒ 400,00 oan Tsjerk betelje moat. At men de ƒ 50,00 modder ek noch meirekkenet hâldt Sjoerd der ƒ 25,00 fan oer.

it lân fan Tsjerk:
Presentations 7-tekening

593 en 542: 8,2 pm binlân + Helmole (542) wurde brûkt troch Sjoerd Vallinga. Yn 1893 kocht foar Tsjerk. Sjoerd wie doe al de hierder “bij de voormalige Zathe ‘de Hel’ ”
239: Tsjerk de Jong syn wente
594: 8¼ pm binlân ferhierd oan Jehannes Wiersma (wêr hat dizze wenne?)
801: 3½ pm wurdt ferhierd oan Bauke Haagsma, boer oan de Hofmar (no Fentener van Vlissingen)
99: 8½ pm bûtlân, ferhierd oan Jan Feikes Jagersma leit bij de St Ursulapoel.

Sjoerd hiert fan Ulke de Vreeze de pleats op Algeraburren foar ƒ 1.750,00 yn 't jier. De hier wurdt yn novimber en maaie betelle. Ofrûne novimber hat er foar it lêst betelle. It papierjild dat er doe dêrfoar brûkt hat kaam net by Tsjerk wei, want oars hie de notaris de bryfkes ommers al dy tiid bewarje moatten.

Oan Tsjerk betellet er de hier ienris yn 't jier. De hier dy't er yn maaie 1904 al betelle moatten hie, betelle er pas yn septimber. Dêr wienen doe ek inkelde bryfkes by, mar it measte wie sulverjild.

Mei de fertochte Tsjipke is Sjoerd nochal befreone. Hy hat wolris mei him oer Tsjerk praat. Ek wol op hokker wize Tsjerk it jild bewarret. Tsjipke kin dus witte wêr't it papierjild en de sulveren en gouden sieraden leinen. Tsjipke wist ek wol dat de nûmers fan it papierjild oantekene binne.

Nei de ƒ 2.060,00 hat  Sjoerd net wer jild fan Tsjerk krigen. Allinnich ôfrûne septimber hat Sjoerd in bryfke fan ƒ 40,00 meinommen om de haadlike omslach te beteljen, mar dat biljet hie er by de troch him betelle hier weinommen.
It lytsjild lei hyltiten yn in laad fan in kastke by de houten kiste, dêr't de biljetten en it goud- en sulverguod yn sieten. Hoe't de twa biljetten, dy't foarhinne ek yn 'e kiste sieten, ek yn it laad kommen binne, wit Sjoerd net.

Yn ferbân mei it ûndersyk moat Sjoerd in pear dagen yn Ljouwert bliuwe.

Tsjerk hâldt fol dat it Sjoerd net west hat, dy't by him west hat. De stim dy't er heard hat, hat Sjoerd sines net west, want dy hie er út tûzenen weromkennen.    

De nachts giet Rink wer troch de Tillefonnestege en rint wer troch it wetter fan de Droege Dolte. No hat er mear gelok. Under de twadde panne oan de súdkant fan it hok fynt er 6 bryfkes fan ƒ 40,00 en ien fan ƒ60,00.

Yn opdracht fan Tsjipke besiket er inkelde bryfkes by de boargemaster en plysje Brouwers oan de doar te plakken of ûnder de doar troch te skowen. Mar dat slagget net. At er wer by it gasfabryk komt ferstoppet er se ûnder de sintels bûten it fabryk

De wente fan boargemaster Titus Marius ten Berge en syn frou Elsje Diderica Hellema op it Súd oan de Dolte te Warkum.
fotokolleksje Museum Warkums Erfskip

.
  4
Marten N. Schotanus wennet oan de Alde Dyk, fan Warkum ôf besjoen de twadde pleats oan de rjochter kant
  5
Mebius Assuerus’ Brandsma(*1867) wennet sûnt maaie 1892 oan de Koaidyk 2 (no Veenhuizen)
  6
Klaas Keimpes van der Meulen hat yn 1899 as ferfeanter en boer in pleats sette litten oan de Heidenskipsterdyk 39 (no fam Lycklama à Nijeholt)
  7
Meidieling Sjoerd de Boer, dy’t foar dit ferhaal meardere nijsgjirrige bysûnderheden jûn hat. Hy is de pake-sizzer fan Sjoerd Vallinga.
Hoe't Tsjerk Alberts de Jong en
Sjoerd Jelles Vallinga oaninoar besibbe binne:

Tsjerk Hoites Huitema
x
Agnet/Agnita Ates (Kuipers)
|
|
Teatske Tsjerks Huitema
x
Albert Hylkes de Jong
Antsje Tsjerks Huitema
x
Piter Sjoerds Palstra
|
|
Tsjerk Alberts de Jong
Baukje Piters Palstra
x
Jelle Tomas' Vallinga
|
Sjoerd Jelles Vallinga
x
Marijke Klazes Dykstra
De froulju fan Sjoerd Vallinga en
Tsjipke de Vreeze binne nichten fan elkoar:

Sytse Jelgers Dykstra
boer op Groot Vischwijk
(no Cronius en Etty Kramer)
x
Marijke Klazes Veltman
|
|
Klaas Sytses Dykstra
boer op Romfjild
(no Jehannes en Ida de Boer)
x
Antsje de Boer
Tsjitske Sytses Dykstra
x
Liuwe Liuwes Ketelaar
boer efter Brânburren
(no Bauke Kampen)
|
|
Marijke Klazes Dykstra
x
Sjoerd Jelles Vallinga
Marijke Liuwe Ketelaar
x
Tsjipke Ulkes de Vreeze
11. De Israelyt  

De Warkumer slachter   Rouke van der Meer komt op woansdei 8 febrewaris by plysje Joast Stout mei it ferhaal, dat er op 1 febrewaris mei in fertocht persoan reizge hat. Dy persoan hie nammentlik twa horloazjes by him: in gouden en in koperen, yn elk festjebúske ien. Oft it gouden in silinder of in romantêr wie, hat er sa gau net sjoen. De persoan hie ek noch wat yn in doek by him, faaks wienen it antyke boarden. De persoan hat ferteld, dat er alearen yn Harns wenne hat. Mar no wennet er yn Amsterdam. It adres hat Rouke fan de persoan op in nammekaartsje krigen:


Neffens Van der Meer wennet er op de 4de etaazje. Op it kaartsje steane net te ûntsiferjen oantekenings, dy't der al op  stienen,  doe't  Van  der Meer it kaartsje kriich De persoan like no net echt op in Joad, mar syn spraak ferriede "de Israeliet". De man is tusken 50 en 60 jier, hat in midsmjittige lingte, griis hier, nei alle betinken in burd en in snor en hat earen, dy't in bytsje wiidút stean. Hy hie ek noch in abonnemint mei syn portret der op fan de Hol.IJz.SpoorMij.

Soe er wat mei de stellerij by Tsjerk te krijen hawwe....?            

  8
Rouke van der Meer: berne te Aldegea H.A.N. op 16 juli 1869; slachter te Warkum











Gerrit Twynstra
g.twijnstra@hccnet.nl