4-6 Tsjerk de Jong

        
4. De ûntdekking  

Al hat it foar de tiid fan 't jier net kâld west  (+ 4,1 ºC) en wie der dizze nacht hast gjin wyn (krêft 1,1), it hat de hiele nacht wol troch it stikkene finster waaid. It is kâld wurden yn it keammerke fan de wente fan Tsjerk. Hy sil de bedsteedoarren wol ticht holden hawwe, om wat op timperatuer te bliuwen.  

It is moarns ier. De Heidenskipster boeren hawwe it melken dien. In molkrider rydt mei hynder en wein oer de Heidenskipstergrintdyk. In eltsenien hat niget oan it ferfallen húske fan Gekke Tsjerk. De molkrider hat der ek niget oan. Sadwaande sjocht er, dat de fjouwer ruten mei de roeden út it finster misse. Hy hat daliks troch, dat it spul luzen hat. Oardel jier lyn hawwe der ek al ris ynbrekkers west, mar dy binne doe troch in rutsje oan de foarkant gien. Om't de molkrider wol wit, dat Tsjerk net fan besite hâldt en er him dochs net helpe kin, rydt er fierder op Warkum oan.  

Yn Warkum fertelt er de brigadier-titulêr Durk Brouwers, dat der nei alle gedachten by Tsjerk ynbrutsen is. Yn sân hasten giet Brouwers tegearre mei de gemeente-fjildwachter   Joast Stout nei it Heidenskip ta.

At se by it húske fan Tsjerk oankomme, sjogge se, dat oan de foarkant fan de wente ien fan de finsters ynslein is. Se ûnderfreegje Tsjerk. Mar dy kin net safolle oer de dieven fertelle. Neffens Tsjerk wie de ynbrekker, hy neamt him "de reus", net allinnich mar wie der noch ien by. By it hearren fan in geroft is er op bêd gien en hat de doarren gau ticht dien. Boppedat wit er net iens oft er wol wat mist.

Understeane foto moat tusken 31 jannewaris en 24 maart 1905 makke wêze, omdat de Hepkema op 25 maart hjir in tekening fan ôfprinte. Tsjerk de Jong stiet rjochts nêst it finsterke, dêr’t de dieven yn 1903 troch hinne kamen. De oare persoan is ûnbekend.

De foto waard op 9 juny 1913 as ansichtkaart oan “Den Heer K. Engelsma; p/a Den Heer Schaafsma; Sneek; Kleinzand” stjoerd.
Der stiet by:
Heidenschap
Er woonden twee mensenschuwe
mensen in

Fotokolleksje Museum Warkums Erfskip

* * *

Yn desimber 1902 hawwe Stout en Brouwers ek al ris mei de boargemaster fan Warkum Titus Marius ten Berge by Tsjerk west. Se hienen nammentlik te hearren krigen, dat Tsjerk, dy't as in sûnderling bekend stiet, slim siik wêze soe en neffens sizzen op stjerren lei. Doe't se dêr oankamen seagen se Tsjerk yn in fersmoarge boel lizzen. Op oanrieden fan Tsjerks boelberêder Sjoerd Vallinga en de dokter en mei Tsjerks tastimming is doe it hiele hûs himmele. It like harren in goed ding ta, om ris te sjen hokker saken fan wearde by Tsjerk yn 'e hûs wêze soene. Der is doe in steat fan besittings opmakke. Alles waard yn in blikken tromp dien en mei in hingslot ôfsletten. Tsjerk krige de kaai en de tromp waard yn in by de skoarstien steande kleankiste setten. Jan Noordenbos, Ketrinus de Jong en faaks Harmen Genee ek hawwe doe it húske fan bûten en binnen biezemskjin makke. Doe't boargemaster Ten Berge it húske wer seach moat er tsjin ien fan de manlju sein hawwe: "Kerel wat is het hier schoon!"   (7)

It Nieuwsblad van Friesland (Hepkema’s Courant) fan woansdei 17 desimber en de Bolswardsche Courant fan tongersdei 18 desimber 1902 skriuwe oer de himmeldei it folgjende:  

  WORKUM, 15 Dec.  Voor eenigen tijd
werd gemeld, dat in het naburige Heiden-
schap een zonderlinge man woonde, die zich
met niemand inliet, dan met enkele winke-
liers en nog enkele anderen. Nooit wordt
hij buiten gezien. Zijn woning had dan ook
meer van een stal, die nooit gereinigd wordt
dan van een huis. Aan dezen toestand is
thans een einde gekomen. Voor enkele dagen
werd hij n.l. ziek, hetwelk ontdekt werd
door een winkelier, die hem geregeld waren
bracht. Deze stelde den Burgemeester onzer
stad er mee in kennis en tevens de familie.
Dokter werd gezonden en op diens advies
is alles gereinigd; de man heeft een nieuw
bed, nieuwe kachel, nieuwe stoelen etc. ge-
kregen, terwijl het oude rommeltje is ver-
brand. Zooals ook vroeger is gemeld, is hij
goed bemiddeld.

Nei de foarige ynbraak waard de steat op 25 oktober 1903 neisjoen. Der wienen doe wol spoaren fan geweld op de kiste oantroffen, mar alles siet der noch yn   (9). Se fûnen Tsjerk, lyk as de foarige kear, wer yn in steat fan grutte fersmoarging. Se seagen hoe't it mei him gie en.... de doar foel wer efter de man mei it jild yn 't slot. De dieders fan dy ynbraak bleauwen ûnbekend.

Op 15 jannewaris 1904 krige Stout fan Sjoerd Vallinga te hearren, dat erƒ 2.000,- fan Tsjerk krigen hie en frege de nûmers troch te heljen. Doe't Stout de troch Vallinga makke list mei de nûmers van de biljetten ûnder eagen kriich, die bliken dat it totale bedrach gjin ƒ 2.000,- te wêzen, mar ƒ 2.060,-. Vallinga sei, dat er foar dy ƒ 60,- lytsjild by Tsjerk werom bringe moast foar de deistige útjeften. Hy hie der sa gau net oan tocht, dat dat biljet ek op de steat foarkomme soe. Mei de ƒ 2.000,- woe Vallinga nammentlik grûn foar Tsjerk keapje. Der bliuwden noch 5 bryfkes fan ƒ 60 en 18 fan ƒ 40,- yn de kiste lizzen.

* * *

Wylst Brouwers en Stout Tsjerk ûnderfreegje fine se by him noch wat jild yn in kast mei laden:
5 bryfkes fan ƒ 25,- mei de nûmers: UUU 7285, UUU 7287, UUU 7284, JJJ 6677 en HM 1523;                                 
3 bryfkes fan ƒ 60,- mei de nûmers: DM 8365, AW 2072 en HA 8824;
en yn twa parten: 9   en 48 ryksdaalders en 11 en 6 gûnen.
Der binne twa biljetten by dy't tidens it meitsjen fan de list yn 'e tromp sitten hawwe, nammentlik: DM 8365 en AW 2072.

De list mei de fermiste foarwerpen sille de beide plysjes oan de boargemaster en de kommissarissen trochjaan.

De direkteur fan it gasfabryk Jan Bogtstra merkt dat Rink de ôfrûne nacht net safolle prestearre hat. Neffens oare dagen hat er wol 100 sintiliter minder gas fabrisearre. Hy freget Rink. hoe't dat sa komt. "Ik bin yn sliep fallen," seit Rink: "en doe't ik wekker waard wienen de fjurren hast út." Neffens Rink hat er wol in soad koalen op de fjurren goaid, mar yn dat lyts skoftke tiid koe er noait mear safolle gas stoke.

Tsjipke hat it jild de ôfrûne nacht by him holden, mar ferstoppet it no boppe yn 'e hûs.
  1
Dirk Brouwers: 46 jier, ryksfjildwachter, brigadier. Hy is sûnt april 1898 yn Warkum
  2
Joost Jans Stout: 45 jier, haadagint fan de plysje te Warkum. Is yn 1860 yn Lienden berne. Op 18 april 1895 is er yn Sas van Gent troud mei Agnietha Catharina Josias’ de Krijger, berne te Koewacht yn 1870. Yn febrewaris 1895 wie er al fan Oudenbosch nei  Warkum oerpleatst.
  3
Titus Marius ten Berge is sûnt 10 jannewaris 1898 boargemaster fan Warkum. Hy is troud mei Elsje Diderica Hellema.
  4
Jan Noordenbos wennet sûnt 1900 yn it Heidenskip
  5
Ketrinus de Jong wennet op de pleats fan hjoed-de-dei Ype en Margryt de Boer
  6
Harmen Genee wennet yn in húske, dat op de pôle efter it spultsje fan Ketrinus de Jong  oan de Folkemar stien hat. Letter is famylje Genee nei Makkum ferfearn
  7
Meidieling d.d.  3 maart 1990 troch Foekje de Jong-de Vries (* 05.01.1908 - + 04.03.1991)
  8
Prosesferbaal nûmer 76
  9
Neisjoen troch de boargemaster en de plysjes Stout en Brouwers
5. It earste jild wurdt útjûn  

1. de wente fan Aalt Buis
2. it Gemaal fan de Warkumer Mar
3. it lân fan Goasse Willems van Kalsbeek

It ôfrûne wykein hat Tsjipke al in pear fan de stellene bryfkes útjûn. Sneintejûn is er healwei tolven Rink tsjin kommen en hat him ferteld, dat er al trije bryfkes útjûn hat. Rink hat him warskôge foarsichtich te wêzen.

At Tsjipke de moandeitemoarns fan hûs ôf giet om de klanten te besykjen, nimt er wer trije bryfkes mei, twa fan ƒ 60,- en ien fan ƒ 40,-. Ien fan syn dochterkes bringt Tsjipke noch twa bryfkes fan ƒ 25,- efternei.

Yn de Warkumer Mar komt er by de frou fan   Goasse van Kalsbeek, Styntsje Slinger, dy't op in arkje op de wâl wennet. Lyk as oars freget Tsjipke har wat se nedich hat en notearret de bestellings. Mar hy freget hjoed ek eat dat er oars eins nea docht, it wikseljen fan in bryfke fan ƒ 40,-.  Spitich foar Tsjipke slagget it net, want winterdeis hawwe Styntsje en Goasse harren jild op de Rykspostsparbank stean. Styntsje fynt it wol wat nuver, want it is noch nea earder foarkommen dat Tsjipke om soks freget, hoewol't er alle wiken by har komt. Hy is oars altiten sa earm. Foarhinne naam er wolris wat lytsjild foar har mei, omdat har man, in lyts feanboerke, it wurkfolk útbetelje moast. Se frege Tsjipke dan om wat lytsjild foar harren mei te nimmen. Tsjipke krige dan in bryfke fan ƒ 10,-, ƒ 25,- of op syn meast ƒ 40,- wer werom.   

By de keapman   Ane Wibes Cnossen fan Gaast betellet Tsjipke de levere hjouwer mei in bryfke fan ƒ 40,-.

De plysjes Stout en Brouwers sitte net stil. Mei plysje   Jan Huizing fan Boalsert, de boargemaster en resjersjeur Brok fan Ljouwert sjogge se wer ris by Tsjerk. Tsjerk seit dat er it jild, dat yn de kast mei de laden sit, fan Sjoerd Vallinga krigen hat. It is nammentlik de lânpacht. Tsjerk wit ek noch wol dat Vallinga yn jannewaris 1904 jild út 'e kiste helle hat om fan in Schotanus lân te keapjen. Mar oft der fan dat jild no wirklik lân kocht is, wit er net. Hy wit ek net hoefolle jild Vallinga meinommen hat, mar hy hat it yn alle gefallen noait wer werom sjoen. Om it ûndersyk net dreger te meitsjen as dat it al is, beslute de plysjes Sjoerd Vallinga noch mar net te ûnderfreegjen.

Sjoerd Vallinga sjocht ek by it húske fan Tsjerk. It binnenraamwurk is hielendal brutsen, wylst in roede ferbûge is. Oan de kiste is neat te sjen, wylst Tsjerk ornaris de kiste wol op slot en tichtspikere hat. Sjoerd jout de   timmerman opdracht it finster wer te meitsjen.

De middeis likernôch 5 oere komme trije jonges by it stoomgemaal yn de Warkumer Mar, dêr't de 32-jierrige   Aalt Buis oan it wurk is. De jonges freegje him oft er mei Tsjipke nei Boalsert ta wol. Aalt sil earst nei hûs ta om him te ferklaaien, mar foar't er thús is, komt er Tsjipke mei
de kêde foar de wein al tsjin. Tsjipke seit, dat er de jas en de broek al by Aalt út 'e hûs weihelle hat en freget oft er mei wol. Se geane werom nei it gemaal, dêr't Aalt him ferklaaid. Tsjipke freget oan Hinne van der Weide, dy't yn it gemaal oan it wurk is, oft er ek in bryfke fan ƒ 60,- wikselje kin. It hoecht net sa lyts te wêzen, der meie wol twa bryfkes fan ƒ 25,00 by. Van der Weide hat it net, want hy is mar in lyts feanboerke, dy't flak by it gemaal wennet.

In skoftke letter komme Aalt en Tsjipke yn de tapkeamer fan de Parregeaster herberch fan Allert Boersma, dêrt se Douwe Eekhof en Tamme de Vries moetsje. Nei't se wat hân hawwe, wol Tsjipke mei in bryfke fan   ƒ 60,- betelje en freget oft Boersma it biljet wikselje kin. Sa net, dan wol er letter op 'e jûn, at se út Boalsert wer werom komme, wol betelje. Boersma nimt it biljet oan en jout in bryfke fan ƒ 40 en ƒ 20 yn sulverjild wer werom. Boersma stoppet it bryfke fan ƒ 60,- yn syn burokast en docht dy op slot. At Aalt en Tsjipke de herberch ferlitte, betellet Tsjipke mei ien fan de gûnen dy't er fan Boersma krigen hat.

Aalt en Tsjipke komme om 8 oere yn Boalsert oan. Tsjipke jout de beurs oan Aalt. Aalt fielt oan de beurs dat er aardich fol mei papierjild sit. "Do bist in rike stjonkert." seit Aalt út 'e gek. "Ik ha fan myn frou's âldelju ƒ 300,- krigen," seit Tsjipke: "sadat ik my tsjintwurdich aardich rêde kin." Aalt fernuveret him dêr wol in bytsje oer, want de ferhâlding tusken de skoanheit en syn skoansoan wie no krekt net sa hiele besûnder, hoewol't de lêste tiid it al wat better wurden is. Ornaris hat Tsjipke net safolle jild om hannen en is it altiten skarreljen mei him.

Op de hoeke fan de Frjentsjerterstrjitte by de Sint Jansbrêge stiet it kafee “Pasver” mei trochreed en stalling fan de famylje Gosliga. Oan de oare kant fan de stedsgrêft (lofts) stiet oan it Stedsstring it oalje-, feefoer- en moalfabryk fan J. Kingma, dêr’t sa’n tweintich minsken harre brea fertsjinje. Yn dat bedriuw wurde lynsied, koalsied en raapoalje parst. Ut it ôffal fan it lynsied wurde lynkoeken foar it fee makke. Der wurde ek ferskate oare soarten nôt fermeald (mais, grôt en rogge)
Boarne: Het Oude Bolsward in de jaren 1860-1926, 1977 / Het Oude Bolsward 1850-1980, 1983

Tsjipke seit, dat Aalt nei it kantoar fan Kingma gean moat en om dêr 10 sekken maismoal, 2 sekken grôt en in mud mais te keapjen. Hy kin daliks ôfrekkenje. Aalt giet nei Kingma ta en docht de bestelling.     De totale kosten binne ƒ 47,20. Aalt betellet mei 2 bryfkes fan ƒ 25,-. At er by it fabryk komt sjocht er de kêde fan Tsjipke mei de wein oan it stek fêstbûn stean, mar Tsjipke is nearne te sjen.

Tsjipke sit op dat stuit yn de herberch fan Pier Goslinga, dy't by it fabryk fan Kingma stiet. Tsjipke bestelt by de kelner   Johan Frederik Knor in kop kofje en in broadsje, wylst er himsels oan Johan foarstelt. Aalt hat de beurs, dus moat er earst eefkes jild helje en giet nei bûten ta.

It folk fan Kingma is al drok dwaande it troch Aalt bestelde guod op de wein te stâlen. "Ik moat eefkes betelje," seit Tsjipke tsjin Aalt en nimt in bryfke fan   ƒ 60,- út 'e beurs: "Kom aansen mar by my."

At Tsjipke yn de herberch werom komt en ôfrekkenje wol, freget er Johan oft er ƒ 60,- wikselje kin. Johan is op dat stuit allinnich mei it soantsje fan syn baas yn de taapkeamer. Johan rint mei it bryfke nei syn baas ta, dy't op dat stuit yn de keamer nêst de tapperij is. Goslinga komt selts mei it wikseljild werom en jout Tsjipke in bryfke fan ƒ 40,-, 4 ryksdaalders en 10 gûnen. Tsjipke seit tsjin Johan dat er foer by Kingma helje moat en betellet in gûne. Hy krijt twa dûbeltsjes werom.
Neidat Aalt ek noch eefkes yn de herberch west hat, geane se wer op Warkum oan.

Pier Goslinga hat krekt de   Ljouwerter Krante krigen en begjint der yn te lêzen.

          Diefstal te Workum
  In de nacht van 27 op 28 Januari j.l. zijn
de navolgende voorwerpen en bankbiljetten te
Workum ontvreemd: 1 smal gouden oorijzer,
1 tabaksdoos, 1 gouden vingerring, 1 gouden
horloge met dito ketting, 4 gouden oorringen,
4 zilveren schoengespen, 2 zilveren sigaren-
pijpjes, 1 gouden bootje met ketting (oud), 3
strengen koralen met gouden slot, 2 gouden
mutsspelden, 1 gouden  doekspeld, 3 zilveren
geboortelepels, 1 zilv. lepeltje. 1 zilv. pijpuit-
pluizer, 1 zilv. mesheft, 1 zilv. reukdoosje, 1 zilv.
horloge met dito ketting en sleutel (oud  model),
5 bankbiljetten van f60: K.K.  no. 2989, P.P.
8843, A.C. 6814, D.D. 218, E.W. 5565 en 18
bankbiljetten van f40: D.H. 7944, D.U. 8570,
G.F. 1090, D.M. 8365, C.K. 2360, E.D. 1813,
P.H. 6106, H.A. 8824, G.D. 7249, A.W. 2072,
A.B. 2444, H.A. 6891, C 9127, N.N. 2447, E.E.
2922, T.T. 8828, B.B. 125, A.H. 1652.
   De commissaris van politie te Leeuwarden
verzoekt inbeslagname en bericht.  

Goslinga sjocht op it bryfke dat er fan Tsjipke krigen hat en ta syn skrik docht bliken dat hy no ien fan de stellen bryfkes hat: AC 6814. Aalt en Tsjipke binne krekt fuort, sadat er it bryfke net mear werom jaan kin. Noch deselde jûns, 9 oere, giet Goslinga nei de plysjeman Jan Huizing en jout him it bryfke. Huizing nimt it bryfke yn beslach en ûnderfreget Johan ek noch eefkes.

Plysje Durk Brouwers krijt ek besite, de buorman fan Hinne van der Weide. It is Hindrik Jan ten Ham, de masjinist fan it gemaal yn de Warkumer Mar dy't tagelyk in ûnbetelle ryksfjildwachter is. Ten Ham fertelt dat Tsjipke de Vreeze besocht hat by Hinne van der Weide en de frou fan Goasse van Kalsbeek in bryfke fan ƒ 60,- te wikseljen.

It is al âlve oere at Tsjipke en Aalt wer eefkes yn de Parregeaster herberch fan Boersma oanstekke. Se nimme noch in pear boarrels, Tsjipke betellet mei 4 dûbeltsjes, en ride oer de Trekwei nei Warkum ta.

Aalt bliuwt oant 2 oere by Tsjipke yn 'e hûs sitten en se nimme der noch in pear. At Aalt nei hûs ta gien is, pakt Tsjipke de Ljouwerter Krante. By it lêzen fan de foarside wurdt er ynienen tige kjel!!!  Hy pakt it stellene jild en ferstoppet it ûnder in dakpanne fan it hinnehok fan syn buorman   Jan Johannes Meijer de kastlein fan de Warkumer “Harmonie”.

Rink Brussel sit dy nacht ek net stil. Hy is wer nei de Kolk by de slûs tarûn, klaait him yn it tsjuster hielendal út, lit him yn it iiskâlde wetter sakje en dûkt it goud- en sulverguod wer op. At er him wer oanklaaid hat rint er in hiel ein de Makkumerdyk op en ferstoppet syn skat by de wente fan Pibe Visser tusken de kistpeallen yn de stiennen. Dêrnei giet wer nei it gasfabryk werom. Sa kin er hjoed teminsten mei in gerêster hert syn 29ste jierdei fiere.

  10
GosseWillem Kalsbeek hat twa stikken lân, dy’t er ferfeanet. Yn 1912 hat er 234,1 are lân, dat er hiert foar ƒ 173,35 yn it jier, it mealjild is jierliks ƒ 14,05. Boppedat moat er ek noch slikjilden voldwaan oan de polder.
  11
Anne Wybes Cnossen (* Jutryp 12.05.1843 -  Jutryp 12.01.1913. Feehâlder-keapman te Gaast.
  12
Jan Huizing: 53 jier; brigadier fan de Ryksfjildwacht te Boalsert
  13
Miskien hat de Heidenskipster timmerman Jehannes Kuipers de opdracht krigen. By de famylje Kuipers is nammentlik noch bekend, dat doe't Jehannes Kuipers wat by Tsjerk meitsje moast, Tsjerk him efter de bedsteedoarren ferskûle.
  14
Aalt Buis (32 jier) is no arbeider yn de Warkumer Mar. Sa’n 32 jier lyn is er berne yn de Haarlimmer Mar as soan fan Hindrik Buis en Jannetje van Someren. Op 26 maaie 1894 wenne er mei syn âlden yn Ferwâlde, hy troude doe mei Trijntje Porten (* Gaast - + augustus 1899, 28 jier). Tryntsje wie lyk as de frou fan Rink Brussel in dochter fan Douwe Porten en Aaltsje Visser fan Warkum. Aalt en Rink binne dus sweagers. Aalt hat in pear stikjes lân, it hiem meirekkene, grut 233,6 are, dat er foar f 100,- yn it jier hiert. Boppedat moat er f 50,- oan keunstmest brûke om it lân te ferbetterjen. Oer syn wente wurdt yn1912 sein: “De woning op nommer 709 bevat een kamer, een kamertje, aflegering en schuurtje; op het erf regenbak en privaat. De nommers 635 en 709 bevatten best veengrond.”
  15
Allert Boersma is 25 of 26 jier âld en is nei alle gedachten kastlein yn "de Harmonie"
  16
Douwe Eekhof is 41 jier âld, is skipper en wennet yn Parregea oan board
  17
Tamme de Vries is 41 jier âld en is timmerman te Parregea
  18
Nûmer PP 8843
  19
Johan Frederik Knor is 27 jier âld en wennet by Pier Goslinga yn
  20
Nûmer AC 6814
  21
Ljouwerter Krante fan tiisdei 31 jannewaris 1905. Dizze krante wurdt moandeitejûns besoarge
  22
7 x ƒ 40,- en 2 x ƒ 60,-
  23
Jan Johannes Meijer, 44 jier, fan Sosiëteit De Harmonie, de lettere Nutssparbank
6. “Leaver f 60,- nei de moanne as....”  


It is tiisdeitemoarn 8 oere. Tsjipke is foar de winkel drok dwaande de wein te laden. Plysje Stout komt op him ta en freget him oft er eefkes mei komme wol. At se by Stout thús komme, blykt plysje Huizing fan Boalsert dêr ek te sitten. Se freegje him oft er miskien in biljet fan ƒ 60,- yn de herberch fan Goslinga útjûn hat. Dat kin er fansels net ûntkenne, mar seit neat mei de stellerij te krijen te hawwen: "Ik ha it bryfke al in wike yn myn besit. Ik wit net mear fan wa ik it ûntfongen ha, omdat ik fakentiids bryfkes krij en nochal ris wikselje moat." De plysjes freegje Tsjipke in ferklearring ôf te lizzen. Tsjipke freget oft er dy ferklearring selts opstelle mei...

Mei potlead skriuwt er:

    Op verzoek van den brigadier Huizenga van Bolsward
       en den Hoofdagent van Politie Stout en tevens tot
    mijne verdediging verklaar ik dat ik in den avond
    van 27 Januari jl omstreeks 7 uur ben vertrokken van
    het Stationscoffyhuis alwaar verkooping was geweest
    dat ik met G. de Boer landbouwer te Gaast eenigen
    tijd heb vertoefd bij Gez Teppema alhier vandaar met
    hem (na eerst mijn vrouw te hebben gewaarschuwd)
    de richting ben gegaan naar den Makkumerdijk  
       dat ik hem heb gebracht tot aan den molen van Bokma Ferwoude
       dat ik ruim negen uur weer in de plaats terug was.
    Daarop ben gegaan naar mijn neef P Kuipers
       landbouwer alhier die mij van te
    voren reeds daartoe had uitgenoodigd omdat tevens
    bij hem zouden komen die avond
           Fokke Brouwer hulppostlooper alhier met diens zwager Lieuwe Veltman
       Wij brachten daar een genoegelijke avond door gebruikten
    eenige brandwijntjes boterham aten daarna met een harinkje
    en gingen te zamen ongeveer 12½ uur naar huis
    Ik bracht hen thuis en ging terug en trad mijn woning
    binnen. Binnen zijnde las ik de courant ik zat daarmeê
    eenige tijd toen kwam van uit de bagijnestraat een wagen
    rijden die iets verder dan mijn huis stil hield waaruit
    ik opmaakte dat dit bezoek den dokter gold. Ongeveer
    1½ uur is die stilgehouden wagen weer geretourneerd
    de Bagijnastraat uit juist toen ik op de slaapkamer
    was om mij ten ruste te begeven.
        
                       Gegeven te Workum 31 Januari 1905            
                                                        Tj U de Vreeze   

Neidat Tsjipke wer thúskommen is giet er om 10 oere op reis nei de herberch fan Boersma yn Parregea.

It feit, dat Sjoerd Vallinga op 15 jannewaris 1904 jild by Tsjerk weihelle hat, wylst Tsjerk net iens wit oft der wol of net lân foar kocht is, sit de plysje eins net sa lekker. Sjoerd Vallinga hat sein dat er it nei de notaris ta brocht hat. Dêrom geane Stout en Huizing nei de Warkumer notaris Cornelis Tjebbes. Tjebbes kin mei syn boeken toane, dat Vallinga op 16 jannewaris 1904 ƒ 2.000,- brocht hat en op rinte setten. Omdat Vallinga der by sei, dat de belizzing tidelik wêze soe, hie Tjebbes it jild earst wegere. Nei lang praten hie er it dochs oannommen en sein, dat er mar 2½ of op syn meast 3% jaan koe. Vallinga hie dêr gjin beswier tsjin  makke en it bedrach yn biljetten fan 40,- en 60,- by de notaris yn bewarring jûn. Yn de rin fan it petear tusken Vallinga en de notaris hie bliken dien, dat it jild net fan Vallinga selts mar fan Tsjerk de Jong wie. Letter hat Vallinga it jild yn parten wer ophelle:
op
15
april ƒ
500,-
op
8
maaie ƒ
500,-
en
op
13
maaie ƒ
1.000,-

Op de lêste datum barde Vallinga ek noch rinte   ƒ 16,65

* * *

In "boeren type" stapt de "Stadsbank van Leening" nr II oan de Rechtboomsloot 5-7 te Amsterdam yn en jout twa sulveren skuongaspen en in sulveren piipútpluzer yn beliening.

* * *

"De Harmonie" yn Parrega
Fotokolleksje Botte Ouderkerken

It is likernôch 11 oere moarns at Allert Boersma fan de Parregeaster herberch de Ljouwerter Krante lêst. Hy sjocht de nûmers fan de stellene bankbiljetten. Sûnder dat er der by neitinkt, dat Tsjipke dy bryfkes wolris útjaan kin, pakt er it biljet út it buro en..... hy hat  ek ien fan de biljetten, en wol PP 8843!!!

Boersma giet gau nei it haad fan de Parregeaster skoalle, master G. de Groot, om by him rie te freegjen. De skipper Douwe Eekhof is der ek by. Wylst Boersma by master is krijt er berjocht thús te kommen: Tsjipke is geandefoets út Warkum oankommen.

At Boersma by master wei komt, docht bliken dat Tsjipke al yn de taapkeamer sit. Hy hat oan frou Boersma al in bryfke fan ƒ 40,- en ƒ 20,- oan sulverjild jûn en hat it jild al op tafel lein. Tsjipke wol nammentlik it biljet fan ƒ 60,- werom hawwe. Mar Boersma wegeret. Mar Tsjipke seit dat er om in oar biljet, dy't er yn Boalsert útjûn hat, ek al drokte hân hat. It kin bêst wolris wêze, dat dit no ek ien fan de fermiste biljetten is. Hy seit, dat er as keapman in soad jild bart en dat er sa oan dy ferkearde biljetten kommen is.

Om 12 oere komt Douwe Eekhof ek yn de herberch. En treft Tsjipke oan "alle redenaarstaal aanwendende" om it bankbiljet werom te krijen.  De oare sechtich gûne leit noch altiten op 'e tafel.

* * *

Yn de selde tiid komme de kêde en de wein fan Tsjipke by it gemaal yn de Warkumer Mar, bestjoerd troch twa jonges. Sy besoargje dêr guod en sizze tsjin Aalt Buis, dat se dêr op Tsjipke wachtsje sille, want dy is neffens harren nei in boelguod yn Parregea ta. Hy sil aansen wol by it gemaal komme om de kêde en wein op te heljen.

* * *

Eefkes oer ienen komt Tamme de Vries ek yn de Parregeaster herberch. Tamme hat ek al heard, dat der by Tsjerk ynbrutsen is. It biljet fan ƒ 60,- hat er fan 'e moarn al sjoen. Hy sjocht Tsjipke en heart dat er it biljet wer werom ha wol, omdat er mei in oar biljet ek al lêst hân hat.

It is al heal wei fiven. Tsjipke maket aardich wat spektakel yn de herberch en seit dat er wol foar ƒ 300,00 skea hat, at er yn 'e preventive hechten setten wurde soe. Tsjipke stelt foar it nûmer fan it biljet te fergelykjen mei dy yn de Ljouwerter. Boersma ropt Tamme yn 'e keamer, dêr't  Tsjipke op dat stuit ek is, om tsjûge te wêzen by it fergelykjen. Wylst Tamme it biljet op de krante hâldt, docht bliken, dat de nûmers meiïnoar oerienkomme. Tsjipke grypt it biljet, ferknûkelet it en sil it yn 'e kachel smite. Mar de kachel brânt net. Dan rint er nei it mei trije pitten brânende peteroaljestel en seit: "At se my om dat bryfke yn foararrest sette soenen, soenen ik en myn saak wol tûzen gûne skea hawwe. En dêrom is it better ƒ 60,- nei de moanne as..."

In skoftke letter ferlit Tsjipke de herberch, wylst de oaren ferbjustere efter bliuwe. Tsjipke sjocht der noch nofteren út, al hat er yn dy oeren, dat er yn de herberch west hat, wol inkelde boarrels hân.

* * *
it gemaal fan de Warkumer Mar
Fotokolleksje Willem G. Twynstra

De alkohol skynt syn ynfloed dochs wol op Tsjipke te hawwen want likernôch 6 oere komt er stom dronken yn it gemaal. Hy tjirret him as in wyld en seit tsjin Aalt Buis en Hindrik ten Ham: "Ik wurdt fertocht fan stellerij en ynbraak. Ik ha al in bryfke ferbrând. En al hie 'k noch safolle fan dy rommel, ik ferbrân it allegear, want ik wol der gjin gedonder mei hawwe. Ik sil wol oppakt wurde en dêrom nim ik ôfskie fan jim foar in wike of seis, mar krije dogge se my net. Mar g.f.d., ik bin ûnskuldich!!!" "Mar keardel," seit Ten Ham: "wêr hasto dy bryfkes wei?" "Dat kín ik net sizze. Dat wól ik net sizze. Dat sis ik noait!!! Want dan bar ik wer ris fan dizze en dan fan dy." andert Tsjipke: "Och, do wist hoe by my de saken der foar stean. Myn wiif hat it kasboek en no ha ik dizze bryfkes efterholden om de minne betellers te helpen."  Tsjipke fertelt ek noch dat er ƒ 300,00 fan   de âlde” krigen hat.

Aalt Buis bringt Tsjipke mar nei hûs ta. Se komme om 7 oere yn Warkum oan. Tsjipke giet thús as in woestling tekear. Mei in mes yn 'e hân besiket er alles oar de kop te stekken en
seit: "‘t Moat dy niks ferwûnderje, dat ik moarn oppakt wurdt, want ik wurdt fertocht fan de stellerij by Tsjerk." Under ynfloed fan syn âlden en mear famylje is er einliks ta bedarjen kommen

Deselde jûn âlve oere krijt plysje Huizing in bryfke fan Allart Boersma fan Parregea:

Brigadier de Rijksveldwachter te Bolsward
Zoo spoedig mogelijk gelieve bij mij te komen
het betreft de diefstal te Workum

Huizing beslút moarnier nei Parregea te gean










Gerrit Twynstra
g.twijnstra@hccnet.nl


  24
ƒ 16,65 = ƒ 2.000,- x 2½ % x 4/12 moanne
  25
Mei “de âlde” bedoelt Tsjipke syn skoanheit Liuwe Liuwes Ketelaar, dêr’t er min mei kin. Skoanmem Tsjitske Sytses Dijkstra, dy’t op 12 maart 1840 op Groot Vischwijk, Ursuladyk 26, berne is, is op 8 septimber 1891 stoarn op de pleats Brânburren 34, no Bauke. Kampen.