1-3 Tsjerk de Jong

1. "De onnoozele"  

"Vrij eenzaam in 't Heidenschap, behoorende tot het stedelijk gebied van Workum en drie kwartier loopens van die stad verwijderd, staat de woning van Tjerk de Jong, bijgenaamd "de onnoozele", welk woord oorspronkelijk onschuldig, maar hier simpel of zwak van hoofd beteekend. 't Is een primitief huisje, dat Tjerk tegen weer en wind beschut, gelijk men ziet uit onderstaande teekening. De bewoner trekt zich van de wereld geen sikkepit aan. 't Mag zomeren of winteren, stormen of stil zijn, vloeden of ebben in natuur en maatschappij, Tjerk blijft Tjerk, de onnoozele, overgelaten aan zich-zelven, nu al jaren lang. Hij zoekt niemandsomgang, komt nooit buiten en verschoont zich niet, zoodat de man zich in een toestand van ongeloofelijke vervuiling bevindt...."
Sa begjint de wiidweidige ynlieding yn it Nieuwsblad van Friesland, by de measten better bekend as "de Hepkema", fan 10 maaie 1905. It ferhaal giet oer de stellerij yn de nacht fan 27 op 28 jannewaris 1905 by Tsjerk de Jong. Dat barren hat Gekke- of Bange Tsjerk, ek wol Tsjerk-minskeskou, yn it hiele lân ta in ferneamd man makke.

Tsjerk wennet yn in lyts húske, dat yn it lân fan Jan Noordenbos stiet. It is in oerbliuwsel fan de pleats, dy't "de Lytse Hel" neamd waard.

2. In noflike jûn by Pé   
It is sân oere freedtejûn 27 jannewaris 1905. De 40-jierrige Warkumer krudenier Tsjipke de Vreeze ferlit krekt it stasjonskofjehûs, dêr't er in ferkeaping fan in pleats yn Gaast bywenne hat. Mei in goeie klant, de Gaaster feehâlder G. de Boer, wol er noch eefkes in skoftke yn de Wijnberg fan Epke Teppema sjen. Mar it is al wer let wurden at er tegearre mei De Boer de Wijnberg ferlit. Omdat De Boer aardich oansketten is beslút Tsjipke him mar in eintsje yn 'e rjochting fan Gaast te bringen. Dêrom giet er earst noch eefkes nei hûs, om syn frou Marijke  te warskôgjen, dat er wat letter thús komme sil, wylst er in pear pofkes   yn 'e bûse stekt. WordPerfect 7-document
Oft er it no mei opset sin net sein hat, of dat er it gewoan fergetten is, Tsjipke moat dizze  jûn ek noch nei syn neef   Pé Kuipers op Algeraburren. At er syn heit Ulke de Vreeze tsjin komt freget er dy oft hy dat eefkes oan Marijke troch jaan wol. Tsjipke en De Boer rinne yn 'e rjochting fan de Makkumer dyk.  By de mole fan Bokma by Ferwâlde nimme se ôfskie fan elkoar.

It hat al njoggen oere west at Tsjipke by syn neef Pé Kuipers komt.   Fokke Brouwer en dy syn sweager Liuwe Veltman sitte al yn 'e keamer. Se binne al om 8 oere arrivearre. Fokke merkt oan it gedrach fan Tsjipke wol dat er al in boarrel hân hat. Tsjipke fertelt dat er by de ferkeaping west hat. Mei harren fjouweren hawwe se in noflike jûn. Se drinke wat brandewyntsjes en ite in stik bôle mei in hearrinkje. Likernôch heal wei ienen beslúte se nei hûs te gean. Tsjipke bringt Fokke en Liuwe thús.Tsjipke moat avesearje want hy hat noch in ôfspraak....

In wike lyn stie Tsjipke mei syn kêde en wein foar de doar fan de winkel, doe't   Rink Brussel by him kaam en him fertelde dat er gjin sinten mear hie. Hy frege oft Tsjipke him jild liene koe. Mar Tsjipke hie him sein: "Ik ha it ek net." Mar doe't Rink oanhold, hie Tsjipke sein dat er wol in plakje wist, dêr't jild te krijen wie. "By wa dan?" hie Rink frege. "By Tsjerk!" wie Tsjipkes andert. "Dêr ha wy neat oan!" sei Rink.  "Mar wy kinne it maklik krije!" hie Tsjipke wer sein. En doe hie Rink sein: "Dan moatte wy der g.f.d. mar hinne!!!" Sa'n trije dagen letter hienen se ôfpraat fannacht healwei ienen yn 'e Pilestege byelkoar te kommen...

De Merk
It gebou oan de rjochter kant fan de “Harmonie” (Merk 22) is de winkel fan Tsjipke en Marijke de Vreeze (Merk 23). It twadde gebou oan de lofter kant fan de “Harmonie”, mei de wite gevel, is it hûs fan dokter Abraham Santee Landweer (Merk 20).

  1
Tsjipke Ulkes de Vreeze: krudenier op 'e Merk, no de fiskhannel fan Bylsma. Berne op 24 jannewaris 1865 te Warkum as soan fan Ulke Christiaans de Vreeze en Juliana Tsjipkes Kuipers
  2
Marijke (*30/07/1865) is de dochter fan Liuwe Liuwes Ketelaar en Tsjitske Sytses Dykstra, dy't op de pleats fan Bouke  Kampen wenne hawwe. Tsjitske Sytses Dykstra is 12 maart 1840 op "Groot Vischwijk" (no Cronius en Etty Kramer) berne
  3
Krinteboltsjes
  4
Petrus Kuipers (*01/08/1868) is boer op de "Fluitman Sate" op Algeraburren (it lêst bewenne troch Jút en Tytsje Kuipers). Pé is de widner fan Susanna Sibles Westendorp (*1873-+1896). Sy kaam fan "Groot Welgelegen" (no Mellius en Ytsje Kramer)
  5
Fokke Brouwer: 53 jier. "Hulppostlooper" te Warkum
  6
Rink Brussel: Stoker op it gasfabryk. Waard yn Warkum berne op 31 jannewaris 1876 as soan fan Wijnand Brussel en Pytsje Hendriksma. Rink wurdt meastal "Pinke" neamd. Rink is op 17 novimber 1900 mei de ien jier âldere Fokeltje Douwes Porten troud. Foar de gemeente wie plysje Joast Stout ien fan de tsjûgen. Wy sille him noch wol tsjinkomme.    
3.Wat moatte jimme hjir?!?  
Rink stiet mei in brekizer yn 'e hân Tsjipke yn 'e Pilestege al op te wachtsjen. Hy kin oan Tsjipke wol merke, dat er tefolle dronken hat. "No geane wy mar," seit Tsjipke, at er Rink sjocht: "Hasto in ding by dy? Tinkst der om, hâld it by dy en lit it net efter!"

At se ûnderweis binne seit Tsjipke: "De tromp dêr't it jild yn sit stiet yn de kleankiste en dy kiste stiet yn 'e hoeke by de skoarstien. Ik wit it ien en oar fan   Sjoerd Vallinga". "Mar it bankpapier is oantekene en hoe moatte wy dêrmei?" freget Rink. "Dêr wit ik wol rie mei." seit Tsjipke: "No moasto der mar yn gean; hy kent my, en dan sil ik bûten wol op dy wachtsjen bliuwe."

Tsjipke en Rink binne geandefoets. De Heidenskipsterdyk is in grintwei, dy't regelmjittich bywurke wurde moat, want oars ûntsteane der trije djippe spoaren yn 'e dyk: twa fan 'e tsjillen en ien fan it hynder. Nei in grouwe reinbui stean de spoaren meastentiids fol mei wetter.(8)    

At se likernôch heal wei twaën hast by Tsjerk oankommen binne, rydt harren in wein efterop. Efter in hikke ferskûlje se harren. Tsjipke sjocht dat dokter Abraham Santee Landweer op 'e wein sit. Tsjipke en Rink rinne efter de wein oan oant se op it hiem fan in grutte buorkerij komme, dy fan Jan Noordenbos. Op it selde plak wennet no syn pakesizzer, dêr't de wein yn de tuskentiid yndraaid is. De wein rydt fierder it lân yn nei de pleats fan Jehannes Ketelaar en Sjoukje Vallinga ta. (11)   Dêrnei rinne se wer werom en komme by it húske fan Tsjerk. It is no al trije kertier lyn, doe't se út Warkum wei teagen.
1 Tsjerk de Jong
2. Noordenbos
3. De reed nei Vallinga
Se besykje earst de doar iepen te brekken mei it skouder mar dat slagget net. Rink set it brekizer tusken de boppedoar en it paneel. Tsjipke warskôget, dat er dat net dwaan moat en dat se mar wer nei hûs ta moatte. Rink seit mei in pear flokwurden: "Ik bin der no, ik wol no ek jild hawwe!" Se rinne om it húske hinne. It raam is noch stikken fan in foarige ynbraak. "Hjir is de foarige ynbrekker trochgien," seit Tsjipke.
Wylst se by de westlike muorre oankomme, seit Rink: "No gean ik der mar troch." "Ja, mar it makket sa'n leven!" warskôget Tsjipke noch. Mar Rink seit: "Foarút no mar!"

Wylst Tsjipke trije, fjouwer stappen fan it rút ôfstiet. triuwt Rink mei it brekizer de ramen yn en komt sa yn 'e wente. Tsjerk smyt ien fan de bedsteedoarren iepen en ropt: "Wat moatte jimme hjir?!?" Rink seit neat en docht de bedsteedoarren wer ticht wylst Tsjerk allinnich efter de tichte doarren sitten bliuwt "onverstaanbare geluiden uitstotende". Mei it brekizer brekt er de troch Tsjerk tichtspikere kiste iepen. "Kom mei," seit Rink: "ik ha de kiste al iepen!" "Nee," lústeret Tsjipke: "ik hâldt de wacht, gean do dyn gong mar!" Rink nimt in spuonnen doaze út 'e kiste en besiket dizze oan Tsjipke te jaan, mar de boaium falt der út en alle papieren en tsjerkeboeken falle op 'e grûn. "Bliksem," flokt Tsjipke: "dat is it net. It moat in blikken tromp wêze mei in slot der op!" Se stopje alles wer yn 'e doaze. Rink giet wer de wente yn en komt wer werom mei in tromp. Hy makket de tromp iepen en grabbelet der mei de hannen yn om. Hy sjocht ta syn grutte teloarstelling allinnich mar goud en sulver: "Hjir sit g.f.d. gjin jild yn!" "It bankpapier moat der dochs wêze," seit Tsjipke. Rink giet op 'e nij de wente yn. Wylst Tsjipke, dy't yntusken al wat jild yn in doaske tusken en goud en sulverguod fûn hat nei de Heidenskipstergrintdyk rint, dêr't er op Rink wachtet. In skoftke letter komt Rink by him en freget oan Tsjipke oft er Tsjerk miskien ek skreauwen heard hat. Rink hat neat mear fan wearde fine kinnen. "Wêr is de tromp?" freget Rink. Dy stiet op 'e dyk. Rink nimt de tromp op en se geane op hûs oan.

Nei't se in eintsje rûn hawwe iepenet Rink de tromp, om ris te sjen wat der yn sit, omdat Tsjipke sein hat dat it bankpapier yn de tromp sitte moat. Rink jout inkelde gouden en sulveren foarwerpen, ûnderoaren in pear leppels, oan Tsjipke en seit: "Hâldt ris fêst," wylst er selts ek inkelde saken, ûnderoaren in gouden earizer, yn 'e bûse stekt. De tromp hâldt er foar it liif. Hy hellet in   handoek út 'e tromp en seit: "Soenen se hjir yn sitte? Dêr pak oan!" Hy jout de doek oan Tsjipke, dy't der in roltsje jild út hellet. Hy hâldt de bankbiljetten yn it moanneljocht en sjocht, dat it bryfkes fan f 40 en f 60 binne. "Set de tromp mei de oare rommel hjir yn it lân," seit Tsjipke. Mar Rink wegeret, omdat er bang is, dat it ûntdutsen wurde sil.

Wylst se by de brêge fan Westendorp oankomme, seit Tsjipke: "Set de tromp op   de reed fan Westendorp del.  Mar Rink wegeret wer. Se komme oerien de tromp in hiel ein fierderop yn it wetter te smiten.

it “Stations Koffiehuis”, no Spoarsicht neamd,
mei it bûterfabryk de Goede Verwachting

Foar trijen komme se by it bûterfabryk "De Goede Verwachting". Wylst Tsjipke fierder rint, rint Rink de reed fan it bûterfabryk op. Hy hellet de tromp op in pear dinkjes nei leech en knoopt it goud- en sulverguod yn in reade bûsdoek. Hy docht in stien yn de tromp en smyt it yn it   Djippe Gat.
It Djippe Gat is op dizze kaart goed te sjen
Tsien minuten letter hellet Rink Tsjipke wer yn. Tsjipke hat nammentlik krekt bûten de stêd op Rink wachte. Rink dôvet de lampe, dy't boppe de Beginebrêge hinget en rint mei Tsjipke nei de Merk. Tsjipke, dy't it jild hat, giet gau yn 'e hûs, it hat al trije oere west.

Rink giet wer nei it wurk op it gasfabryk en leit it goud en sulverguod, neidat er der earst in doek omhinne docht, yn it stookplak fan it fabryk en smyt gau in heap koalen op de fjurren, want dy binne hast útgien. Dêrnei ferlit er it fabryk wer, om de lantearne op it Noard te blussen.

Wibrichje Kuipers, faam by Tsjipke, is wekker wurden. Wêrfan wit se net, mar wat se wol wit, is dat se noadich pisje moat. Wylst se fan bêd ôfgiet, sjocht se troch it gat yn de flier fan de sliepkeamer it ljocht yn de wenkeamer brânen. Se gluorket troch it gat en sjocht, dat Tsjipke yn 'e keamer de krante sit te lêzen. Hy sit op twa stuollen mei de beide fuotten rjochtút. At Wibrichje it lyts boadskip dien hat, jout se har wer del en falt yn sliep.

Rink komt wer op it gasfabryk en besjocht it stellen guod. Hy pakt it guod wer yn en rint rjochting Seeburch. Op it Súd docht er ek noch in lantearne út. By Seeburch smyt er it goud- en sulverguod yn de Kolk bûten de slûs en giet nei hûs ta.




De kolk by de slús



Gerrit Twynstra
g.twijnstra@hccnet.nl
  7 Sjoerd Jelles Vallinga is troud mei Marijke Klazes Dykstra, de nicht fan Tsjipkes frou Marijke Liuwes Ketelaar. Sjoerd Vallinga buorket op in pleats op Algeraburren (no Bauke en Ytsje Hooghiemstra-Jellesma) dy't er hiert fan de heit fan Tsjipke de Vreeze.
  8 Oantekenings Jôle Sibes van der Wal
  9 Dr. Abraham Santee Landweer wennet oan deselde kant fan de Merk as Tsjipke en is sûnt 1901 troud mei Anna Schierbeek fan Ljouwert. Santee Landweer wennet op nûmer 20 en Tsjipke de Vreeze op nûmer 23.
  10 Op it selde plak wennet no syn pakesizzer
  11 Dêr wurdt op dit stuit in jonkje berne. Hy sil Robertus neamd wurde, ferneamd nei Robyn Vallinga. Robyn wennet op de pleats fan hjoed-de-dei Tjitte en Jellie de Boer en is de pake fan memmekant. Eins hie it jonkje Dominicus hjitte moatten, nei de oare pake Dominicus Ketelaar fan Nijhuzum, mar omdat dy krekt dizze nacht te ferstjerren komt, beslute de beide âlden harren soantsje nei pake Robyn te ferneamen, omdat dy noch libbet. De pleats fan Jehannes en Sjoukje stiet der hjoed-de-dei net mear, mar is ferfongen troch in arbeiderswente, dat wol de Hemel of Nullegea neamd wurdt.
  12 Neffens Tsjerk is it in "broudoek"
  13 De lettere betonbrêge by de Ursuladyk
  14 De lettere Ursuladyk
  15 De Horza foarmet yn 1905 tegearre mei it Djippe Gat by it bûterfabryk ien breed wetter. It Djippe Gat is tidens de oanlis fan it spoar yn de tachtiger jierren fan 19e ieu groeven, foar it spoarwikselplak en de guodlaadromte, "de Heuvel", dêr't de spoarloads stie Letter is it gat folsmiten mei slatmodder en is it wer lân wurden, mar wurdt noch altiten "it Djippe Gat" neamd. It leit tusken "Spoarsicht" en it spultsje fan Cees van den Akker yn