Feekeuringsdei
Groetnis út it Heidenskip

fotokolleksje Warkums Erfskip
De foto boppe is in detail fan de foto dy't Lize van der Hoek-Gerritzen yn 2000 nei de 100-jierrige Feekeuringskommisje stjoerd hat: “Congratulations 100 jaar Veekeuring op de Merk. Hier stuur ik dan nog een foto van de veekeuring Sep 1926. Ik was toen 5 jaar oud en staat hier links onder aan de hand van m'n grootvader Jelle Sikkes. Even verder onderaan praat Sietze Bouma met iemand. Dan nog meer naar rechts met hoed Teake Haagsma. Aan de andere kant op naar de muziektent staat vader Doekele Gerritzen een koe vast te maken. De foto maakte Rijpma.”

fotokolleksje Warkums Erfskip
Begjin 50-er jierren wurdt de feekeuring yn ferbân mei it tanimmend autoferkear net mear op de Merk holden, mar yn de Schoolstraat. Yn 1952 kriget de kolleksje fan de famylje Sible Tjebbes Westendorp om de unifoarmiteit en de “fraaie beste dieren” de heechste ear. Yn 1947, 1949 en 1950 is harren ko Kitty 13 (nûmer 139876) kampioen wurden. Harren pleats stiet yn dy jierren bekend as “De Kittypleats”
Lofts stiet Tjebbe Sibles Westendorp. De twa rjochter manlju achter de kij binne syn bruorren Jelle (mei pet) en Theo (mei alpino). Hielendal rjochts nêst Theo stiet Jelles frou Julia Westendorp.Wheda

fotokolleksje Willem G. Twijnstra
Op Feekeuringsdei is sûnt 1906 de middeis it tugen. Op boppesteande foto is Gorrit Kuipers yn aksje mei de hynders Froukje en Zwaantje op it Noard (1978). No binne de hynders allinnich op it Súd te sjen, mar foarhinne wie it it iene jier op it Noard en it oare op it Súd. Dat om de middenstân (kafees) tefreden te hâlden.

fotokolleksje Willem D. Hengst
Jan Robijns (lofts) en syn sweager Arij Gaastra (rjochts) hearden oant en mei de earste helte fan de 70-er jierren  by it tugen. Robijns dielt de lintsjes út, wylst Gaastra it hynder yn betwang hâldt (±1975).