Heidenskipsterdyk (Koudumer kant)
Groetnis út it Heidenskip

de Jordensate mei de muontsmole op de efter op it hiem
it skilderij is makke troch Gerben Rypma
(in kopy fan it skilderij is eigendom fan Feike en Rinkje van der Heide)

Sietze Haitsma sit op it hynder. Bouke Haitsma stiet der nêst, krekt lyk as de lytse Douwe Haitsma. Harren heit en mem, Hendrik Baukes Haitsma en Tietje Douwes Buwalda, binne yn 1914 de earsten dy't de pleats oan de Heidenskipsterdyk 44 (no Jolle en Hielkje van der Wal-Postma) bebuorkje sille.

De skilders binne in jier letter bûtenom noch drok mei de pleats oan it fervjen. Douwe sjocht wol gauris by de skilders. At se him freegje: “Giest hast nei skoalle ta?” Seit er: “Ja, ien kear.”  

Op 15 maaie 1915 giet er foar it earst nei skoalle ta. At er út skoalle komt boartet er op it hiem. Hy is drok oan it rûntsjes draaien. Op in bepaald stuit mist Tytsje it jonkje. De skilders hawwe Douwe ek al in skoftke net mear sjoen. At Tytsje op ûndersyk útgiet fynt se him nêst de daam. Troch it rûntsjedraaien is er dûzelich wurden, by de daam delfallen en ferdronken. Se is yn ferwachting fan har sechde bern. It sil wer in Douwe wurde.

Fotokolleksje famylje Huitema-Haitsma te Koudum