Portretten
Groetnis út it Heidenskip

fjouwer boerepearen ± 1915
fan lofts nei rjochts: Jogchum en Inkjen Sikkes-Jansen fan de Reaskurre (Heidenskipsterdyk 42); Jogchum en Aukje Zijlstra-van der Meer (Ursuladyk 28); Haring en Grietje Hijlkema-Smits (pleats yn it lân tusken Ursulapoel en de sate Linquenda); Thomas en Grietje Dijkstra-Jansen (Feandyk 5)  

Ybeltsje van Abbema (âlde Ybeltsje).
Hja wie baakster. Hja en har man Marten Zijlstra (Marten Kastmakker) wennen yn it hûs dêr't Itte Groenhof-van der Wal no wennet. It hûs waard doe troch twa húshâldings bewenne. Marten en Ybeltsje wenne oan de kant van Noordenbos. De reek yn `e hûs wie dêr om te snijen, sa smookte de âld baas.
Dizze foto is wierskynlik makke om 1910 hinne.
Hans Cnossen út de Hommerts-Jutryp.
Hy wenne as frijfeint yn in wenarkje. Mei dit “krûpyntsje” fear hy by de boeren lâns, ek by dy yn It Heidenskip, om seagen, skjirren en messen te slypjen.
De foto is makke om 1915 hinne.