Sterke Steffen Elgersma (1) |
|
út "de Ielstekker" fan maart 1990, it famyljeblêd fan de Elgersma's,
oernommen yn de Buurtsboade fan maaie 1990:
Sterke Steffen fan 't Heidenskip by Warkum
Witte jimme, dat der by de Elgersma's ek ôfgryslike sterke minsken libbe hawwe?
Dit ferhaal giet oer Steffen Annes Elgersma, boer ûnder Warkum en letter boer te Lichtaard.
It wie in brede dûbele man, hy like ek wol sa, dat er hiel wat mânsk wie. It sil sa om 1900 hinne west hawwe. Yn dy tiid holden de boeren allegearre noch in bolle. Dy bolle moast de rigele kij yn stân hâlde en har it leafst ek noch útwreidzje. Fan ynseminaasje hienen hja doe noch nea heard. Sa'n bolle lei meastentiids net sa fier fan hûs oan in stevich keatling mei oan de ein in swier spit (tsjoar). De oare ein siet mei in ring oan de noas fan de bolle fêst. Sa'n bist koe net fierder weidzje, as it keatling lang wie, ek koe er sa de kij net ûngemurken dekke. Sa om de twa dagen moast de boer de bolle ferspitte, sadat de bolle wer folop gêrs hie.
Sa soe boer Steffen op in iere moarn de bolle in amer wetter bringe en him ferspitte. Mar de bolle wie wat loai en hie der gjin nocht oan. Al hoe Steffen ek oan it keatling luts..... it bist bleau lizzen. Mar dizze Steffen wie altyd nochal hastich, dat hy tocht: "Dat bist sil gjin baas wêze!!!" Hy naam it spit oer it breed skouder en luts de bolle sa linkendewei in ein fierder it lân yn. Der waard sa lutsen, dat it bist oer it lân sleept waard. Hy koe net oerein komme. Dat hat de bolle de noas net jokke, soe it wol?
Dyselde Steffen koe in folle molkbus mei it lid dêrop oan it ear mei de tosken optille.
Dit ferhaal waard ús foar wier ferhelle. Men soe it hast net leauwe, mar de wûnders binne de wrâld nea út.
Betsy Hietkamp-Elgersma
Ljouwert
Steffen Annes Elgersma (Lichtaard 15 july 1869 - Lichtaard 8 july 1935) troude op 14 april 1894 mei de Heidenskipster Tryntsje van Dijk (it Heidenskip 13 desimber 1870 - Ljouwert 15 febrewaris 1949). Hja wie in dochter fan Ulbe van Dijk, dy hiel goed reedride koe, en Tryntsje Belkom.
Betsy Hietkamp-Elgersma is in pakesizzer fan Sterke Steffen. Hja fertelde my, dat Sterke Steffen fan 1894 oant ± 1910 yn It Heidenskip wenne hawwe moat. Op hokker pleats er buorke hat, wit hja net. It iennichste dat hja wit, is dat de pleats yn it Warkumer Heidenskip stien hawwe moat en dat hja, as hja nei tsjerke ta gienen, troch wol fjirtsjin hikken moasten. Miskien is der noch immen, dy't út oerlevering wit wêr't Sterke Steffen wenne hat, wy soenen it graach witte wolle. As aardichheid kin der noch by sein wurde, dat Steffen yn 1900 ien fan de meioprjochters wie fan "De Goede Verwachting". Syn namme stiet noch op 'e earste stien.
Gerrit Twynstra