In nea ferstjoerde brief út de maityd fan 1909



In nea ferstjoerde brief  
út de maityd fan 1909


                            Heidenschap, A.D.
                            Waarde V en Vr
Wat moet u wel niet van ons denken ik ben bang dat
u denkt dat u denkt dat wij u geheel vergeten doch zoo
is het niet hoor doch zoo is het niet hoor wij hebben
het noch wel dikwijls over u, en zouden wel graag eens
bij u willen zien. Ik weet nu veel nieuws, dat ik zal
maar heel klein schrijfen. Wij zijn hier allen goed gezond
en hopen ook dat u in een goeden welstand verkeerd.
Wij hebben de geheele winter noch geen dokter gehaalt dus
dan weet u het wel bij anders. Jakob en Rinsche   gaan met
Mei bij ons weg en dan komt A. Venema   uit de kleine
gaastmeer weer bij ons dat lijken ook heel beste menschen
zijn vrouw is gisteren weer bij ons geweest. Jakob en Rinsche
komen in het huis van A. Attema   hier waar hij nu
zelf woont en dan komen zij weer in de buurt dus zij komen
wel weer in een kamer terecht dat was anders het zin
niet zij willen anders een boerderijtje hebben dat weet u
ook wel. Het gaat met onze boerderij ook heel flink wij zijn
heel gelukig. In Maart hadden alle koeien al gekalfd.
Wij hadden van de 28 die kalfe moesten 15 koekalfen gevangen
dus dat was goed niet waar en ook allemaal in ‘t leven
gehouden het is een prachtig gezicht, ze in ‘t hok om te zien
springen. En voorst hebben wij 15 levende biggjes bij een
zeug en veel lammeren. Onze oude hond is dood hij lag
dood in ‘t hok. Grietje Wagenaar   is ook weer heel min geweest
wij dachten niet dat zij er weer voor op komen zou
doch zij heeft het er wel weer af gered haar eene voet u weet
wel daar kon zij niet op loopen die kan zij nu weer
geheel gebruiken net zoo goed als de ander dat is toch eigen,,
aardig het leven is er met deze ziekte weer ingekomen.
Moeder heeft er toen eens een paar nachten gewaakt en ik
ook al eene. Met Dirkje   leef ik tegenwoordig niet op een
besten voet wij hebben nog ruzie gehad en nu is de vriendschap
geheel uit. Die Cnossen   uit de Hommerts die komt noch bij Dirkje
en J noch bij A   of die met mei ook trouwen zullen of niet
wij hooren er nooit wat van Ietje   heef op ‘t oogenblik niets en
ik ook niet dus doe uwe heer maar eens de groete van mij u kunt
nooit weten waar het noch goed voor is.
Ik ben ook een paar nachten bij domine van Elven   geweest
te logeren. Die krijgen nu met Mei ook een nieuwe meid
Tetje Roosje een van Workum. Andries Smits zijn vrouw  
werkte anders altijd bij hen dochs dat kan niet meer wegens
omstandigheden ja dat is wat het is nu al 17 jaar geleden
en nu er nog een kleine   bij. Nu als dat maar goed gaat.
Toen Betje niet meer kon kwam zij om Rinsche doch die
is er maar 1 maal geweest maar dat voldeed zoo min dat
moest met 1 keer al uitschijden. Nu is Tjipke van Netten zijn
vrouw er tot Mei. De wed. K. Kuiper   van Oudega komt mis,,
schien met Mei een jaar op de plaats bij ons daar G. Landman  
nu op woont. Dan komt zij met de beide jongens het voldoet
haar erg min in Oudega. Hendrik komt noch bij Sjirkje Cnossen  
en Wiepke noch bij Hiltje. Auke Nijdam   komt met Mei in ‘t
huis van Foeke Kuiper hier over de vaart en Klaas Jellema   die
bij Grietje Schotanus komt komen met Mei in Auke zijn huis op
de visserborren. Douwe de Vries   heeft Woensdag boelgoed gehouden
en houd met Mei ook op en zal dan rentenieren hij komt in het
huis van Meester Meindersma en en Pietje   de meid van Evert
Terpstra komt bij hem huishouden. Arjen Ykema   van Heeg
moest ook ophouden want hij kan geen plaats krijgen wel jammer
voor zulke jonge lui Klaas Kooistra   word ook Boer af die moest
ook van de plaats en komt nu bij Harmen Kooistra   en zoolang
zijn eigen huis in Workum klaar is en Froukje Piersma   komt
nu weer in de huis daar komt Germen Stellingwerf bij .   Johannes
Plantenga van Oudega komt nu op Kooistra’s plaats. Tante A .te Sneek  
krijgt met Mei ook een ander huis niet veel verder dat heeft
zij gekocht. Wij moesten u ook vooral de groete doen en vriendelijk
bedankt voor de aanzicht. Tamme de Vries   wordt met Mei ook
grooter boer die komt met Mei op op D. de Vries zijn plaats en
dan komt Romert en Jantje   weer op Tamme zijn.


De boppesteande brief is eigendom fan de famylje Geerligs-Osinga. Oant no ta wie der net folle fan de brief bekend. It hat nammentlik gjin ôfsinder en ek gjin datearring. De fraach is dan ek: wannear is de brief skreaun en wa hat him skreaun.

De datum:
Der binne jonge lamkes,dus it is maityd. Der is foar my mar ien oanwizing yn hokker jier de brief skreaun is: Durk Kooistra (soan fan Harmen) hat yn 1996 yn de Buurtsboade skreaun dat syn pake Klaas oant maaie 1907 yn it Heidenskip wenne hat. Fan Durks suster Grietje de Boer-Kooista hearde ik, dat har pake fan de pleats moast, omdat er oan de Goede Verwachting levere hie. De datum moat dus wêze: de maityd fan 1907

Afke

De skriuwster
De brief komt út de famylje Jouke en Pietertje Osinga-Hofman, dy’t yn 1907 op de Koaipleats (no Marten Gaastra) wennet. Der wurde noch al wat famyljeleden fan harren yn de brief neamd:
Jouke Osinga, wie de soan fan Anne Osinga en Jantje Feites Couperus.
Pietertje Hofman wie de dochter fan Siebolt Feites Hofman en Afke Tjeerds van der Meer. Afke Tjeerds van de Meer hat earder troud west mei  Gerben Aukes Stellingwerf.
De eks-freondinne Durkje is berne yn 1889. De âldste dochter fan Jouke en Pietertje, Afke, is ek yn 1889 berne. Wylst harren twadde dochter pas fan 1911 is. As skriuwster fan de brief komt dus yn oanmerking: Afke Joukes Osinga. Doe’t Afke nei de legere skoalle op de Gaastmar gie, iet se tusken de middei de bôle altiten by Oene en Tryntsje Wagenaar-Buma, de âlden fan de slim sike Grietje.
Afke sil op 12.04.1912 mei har buorjonge Willem Kuiper trouwe. Willem is de broer fan Hendrik en Wypke èn in neef fan Durkje !!!  



Mei tank oan

Geert en Aukje Geerligs-Osinga, Warkum (dy't de brief yn besit hawwe)

Ekke Atsma, âld-Gaastmarder te Leiderdorp, dy't yn 2001 praat hat mei de âld-Gaastmarders:
        Anne Castelein-de Boer fan Nijhuzum (Anne fan Wiebe) (84 jier)
        Anne Haanstra-Kuiper fan Heech (Anne fan Siik)
        Sybren Attema, Talmahûs (90 jier)
        Wike de Vries-van der Goot te Leiden (90 jier)    
        Anneke de Boer-Jellema (kritelid)

Joop Steensma fan Starum (oerpakesizzer fan Douwe Tammes de Vries)
    hat nei oanlieding fan dit artikel op 24/08/2009 gegevens levere.
    hat it boelguodboekje noch fan woansdei 21 april 1909
    wit noch dat Hendrik Smits, dy't 17 jier ferskilde mei syn suster, letter smid wie yn Starum  
noaten:

Jakob en Rinsche    ûnbekend by Sybren Attema (90 jier), Anne fan Siik en Wike de Vries (90 jier)
A. Venema   ûnbekend by Sybren Attema (90 jier), Anne fan Siik en Wike de Vries (90 jier)
A. Attema   hat oan de Yntsjemasleat wenne, is ûnkend. It is net pake Oane Attema fan Anne fan Siik. "Deze A. Attema was zonder enige twijfel Anne Wypkes Attema (°1865 It Heidenskip onder Nijega +1921 Sneek) oo 1884 met Fettje Taekes Mulder (°1865 Gaastmeer +1942 Sneek). Anne Wypkes was de enige zoon (er was ook nog en dochter) van Wypke Annes Attema, die bij mijn weten de eerste was die boerde op de dan nieuwgebouwde pleats aan de Zuidzijde van de Inthiemasleat (waar later Hendrik Kuiper boerde).
Eenmaal volwassen, heeft Anne Wypkes oa als arbeider inderdaad gewoond/gewerkt in It Heidenskip en heeft later geboerd in de Lytse Gaestmar en nog later (weer) als arbeider in de Greate Gaestmar. Bij overlijden in 1921 woonde Anne Wypkes in Heeg, en was voorzover ik weet melkrijder.". Meidieling Cornelis (Cees) Sybrens Attema, Tessenderlo, België (02-11-2018)
Grietje Wagenaar   komt op 24 july 1910 (Wym) op 48 jierrige leeftyd te ferstjerren (se wie net troud).
Dirkje Foekes Kuiper   (*De Gaastmar 08-04-1889) is de dochter fan Foeke Kuiper en Anna Attema. Anne fan Siik: "Durkje is ús muoike Durkje, de mem fan Wiebe Cnossen en de beppe fan Simen (en Lize yn Snits). Se is stoarn fuort nei lytse Durkje fan Siik-Aaltsje. Dizze Durkje ferstoar op 6 jannewaris 1936 en muoike Durkje (dy't 45 jier waard) kaam op 25 febrewaris op it tsjerkhôf op 'e Gaastmar."
Siemen Wiebes Cnossen   (*Hommerts 12-06-1883) sil op 13 maaie 1911(Wymbritseradiel) mei Durkje trouwe. Siemen sil boer wurde op “ ‘t Ald Stee” yn de Hommerts, wylst er ek yn fee hannelet.
J en A   binne Jan Dykstra út Nijegea en Aal, de suster fan Siik Kuper (de heit fan Anne fan Siik)
Ietje   is Ytsje fan Hjerre Ykema (de heit fan Gotse-Djoeke Ykema) en syn earste frou. Ytsje hat earst troud west mei Buffinga (dochter Froukje Buffinga wie kammeraadske fan Wike de Vries), letter mei de bûterkoaning fan Boalsert (Heerema). As widdo hat se yn it hûs nêst de Grifformearde tsjerke wenne. Sybren Attema sei: Doe (1907) wiene der noch gjin Grifformearden, want oars wie se net freondinne west!
Ds. Hendrik van Elven   wie dûmeny op 'e Gaastmar fan 1901 oant en mei 1916
Tetje Roosje   berne te Warkum 22.06.1889.
Andries Smits  wol fan heard, mar net bekend.
Betje   is de frou fan Andries Smits
Hendrik Smits  , sil de "kleine" wurde. It wie in grouwe keardel, dy't letter smid waard yn Starum, dêr't er "de dikke smid" neamd waard.
Finne Klijnsma   is sûnt 23.05.1896 (Wymbritseradiel) troud mei Tjipke van Netten. Tsjipke-Finne wie de grienteman (de heit fan Ale van Netten, dy't letter de grienteman wie. Se wennen yn it middelste fan de trije húskes oan de Langstraat. Yn it earste hie Frankena in winkeltsje foar boerereau (klompen, tou). Yn it tredde wenne de feedokter Put.
Klaas Kuipe  is op 10.01.1905 te Snits ferstoarn, noch mar 46 jier âld. Hy wenne op dat stuit te Aldegea-W. Hy wie troud mei Antje Attema, dy’t op de pleats komt dêr’t Klaas Bakker en Betty de Jong no buorkje. Anne fan Siik: "Omke Klaas (broer fan pake Foeke Kuper) wie bakker op 'e Gaastmar. Hy kocht de pleats oan de Yntsjemasleat. Syn jonges, Hindrik en Wypke, woene net bakker wurde. Hindrik (letter troud mei Neel Westra) soe op de pleats. Doe't er noch net troud wie, kaam syn mem by him te wenjen, want dy wie widdo wurden en nei Aldegea te wenjen gien, maar waard dêr ûnwennich. Omke Klaas en muoike Antsje wiene de heit en mem fan Hjerre-Aaltsje."
Gerben Landman   wenne op de pleats oan de Yntsjemasleat. Hy is letter nei Easthim gien. Syn soan Gerben wie tige aktyf yn de wrâld fan de muzykkorpsen.
Hendrik Kuiper,   berne 31.10.1885 (Wymbritseradiel) soan fan Klaas Kuiper en Antje Attema. Op 08.05.1918 (Wymbritseradiel) sil er mei Neeltje Westra trouwe. Hy wurdt boer op de pleats oan de Yntsjemafeart (no Klaas Bakker en Betty de Jong) dêr’t er no mei syn mem en broer te wenjen komt.
Sjirkje Foekes Cnossen   (*Nijlan 16.06.1888) sil op 03.05.1913 (Wym) mei in oare Heidenskipster trouwe, nammentlik mei Rintje Annes Elgersma (*it Heidenskip 30.03.1887) soan fan Anne Steffens Elgersma en Trijntje Willems Bosma, boer en boerinne op de pleats fan de famylje Hettinga oan de Heidenskipsterdyk 6. Yn 1965 is se ferstoarn yn Kanada.
Wypke Kuiper,   berne 10.10.1887 (Wymbritseradiel) soan fan Klaas Kuiper en Antje Attema
Hy hat yn De Haach by it spoar wurke. Hy kocht it simmerhúske "4x4", dat setten wie troch ien fan de NCSV-kamp-gongers.
Wypke Kuiper en Hiltje Nauta   trouwe op 06.03.1916 (Wymbritserdiel). Hiltsje wie in bakkersdochter fan Aldegea.
Auke Nijdam  dy't dus op de Fiskersbuorren wenne. De namme is bekend, mear net.
It hûs fan Foeke Kuiper   is it foarhûs fan de pleats oer de feart op 'e Gaastmar (letter wenne dêr Wiebe Cnossen), dat wol apart ferhierd waard. Foeke wie de pake fan Anne fan Siik.
Klaas Jellema   hat in jier arbeider west op de pleats yn de Fiskersbuorren (dêr't Wike wenne) en wie in grutte stipe foar Wike har mem, nei't dy har man ferlern hie
Klaas Jellema en Grietje Schotanus trouwe op 15.05.1909 (Wymbritseradiel) en komme op in pleats yn Skearnegoutum. Klaas is de pake fan Anneke de Boer-Jellema. Grytsje wie de dochter fan Botte-Baaie (= Baukje). Se wennen yn de Lytse Gaastmar.
Douwe de Vries syn frou Aaltsje Feites Couperus stoar op 02.12.1903 (Wymbritseradiel). Se wie op 14.12.1837 op in pleats te Nijhuzum (nr 12, no Van Wieren)  berne as dochter fan Feite Abrahams Couperus en Hiltje Jans Damstra. De widner Douwe Tammes de Vries sil no mei it buorkjen ophâlde. Syn soan Tamme komt no op de pleats. Douwes dochter Jantje en har man Rommert komme  op Tamme syn pleats. Douwe is de pake fan Wike har ferstoarne man, Feite de Vries, en Tamme is syn heit.  Yn it boelguodboekje (noch yn besit fan harren oerpake- en beppsizzer Joop Steensma, Starum) fan woansdei 21 april 1909 is der noch.
Meester Meindersma  . Bokke Meindersma wie troud mei Anna (Antje) van der Goot, muoike fan Wike. Hy hie de haadakte net, mar in soad lef. Wenne neist de Grifformearde tsjerke. Gie letter nei Dedemsvaart.
Pietje  net bekend
Evert Terpstra,   berne 07.12.1871 soan fan Sytze Terpstra en Elske Visser. Op 18.05.1895 is er troud mei Wypkje Attema. Evert is de broer fan Klaas Terpstra, de bakker. Wypkje is de suster fan Anne Attema (frou fan Oane Attema) (pake en beppe fan Anne fan Siik).
"Omke Evert hie gjin bern, wie dêr lilk om, naam it syn frou kwea-ôf. Dy hie in kromme rêch. Hy neamde har 'drommedaris'. Hy dronk in soad. Sytse fan Klaas (de bakker) hat alles urven."
Arjen Ykema,   berne 14.10.1875 soan fan Taede Ykema en Janke van der Goot. Op 13.05.1899 is er troud mei Antje Piersma
Klaas Kooistra   is boer op de pleats fan de fam. Haanstra, Heidenskipsterdyk 30. Hy moat fan de ferpachter fan de pleats omdat er molke leveret oan “De Goede Verwachting”. De ferpachter fynt dat in boer syn guod sels ferwurkje moat. It hiele Heidenskip sprekt der skande fan. Klaas komt yn Warkum op it Noard nêst it earmenhûs (it lettere Wymertshof) te wenjen (it hûs stiet der noch). Yn dy selde tiid kamen ek twa oare Heidenskipster boeren op it Noard te wenjen Marten Hielkema (no Riemersma, nêst de apoteek) en Yde Engelsma (it hûs nêst de poarte fan Wymertshof).
Harmen Kooistra   wennet yn it earste hûs fan de Grutte Buert. Hy sil yn maaie 1907 boer wurde oan it Fliet, dêr’t no syn pakesizzer Harry de Boer op buorket. Jan Plantinga en Meintje Haanstra komme yn it hûs te wenjen.
Froukje Piersma,   berne 04.02.1887 dochter fan Durk Piersma en Baukje Nauta.
Gerben Stellingwerf   (* 12.01.1886) troudt op 02.05.1912 mei Froukje Piersma.
Johannes Plantinga   en Hipkjen Wiersma, komme yn 1907 yn it Heidenskip te wenjen op de pleats fan hjoed-de-dei de fam Haanstra (Heidenskipsterdyk 30)
Tante A. yn Snits   is Annigje Hofman-de Jong. Troud mei Auke Hofman, dy't yn 1906 ferstoar. Annigje wie dus widdo. De mem fan de skriuwster fan de brief wie in suster fan Auke.
Tamme de Vries,   berne 05.01.1866 soan fan Douwe Tammes de Vries en Aaltje Feites Couperus
Rommert Algera   troude op 07.02.1903 mei Jantje de Vries (* 28.02.1881, dochter fan Douwe Tammes de Vries en Aaltje Feites Couperus). Se wennen op de pleats yn 'e Gaastmar op de hoeke (dêr't Age Cnossen no wennet) en krigen in grutte húshâlding. Wike neamt op: Douwe, Reinskje, Tamme, Jelle, Aaltsje (sa âld as Wike), Djoeke, Hiltsje, Meino (Neine). Se giene yn 1918 of 1919 nei Koudum en letter nei Amearika.