Heidenskipsterdyk (Warkumer kant)
Groetnis út it Heidenskip
It Heidenskip yn oarlochstiid
In pear fredige plaatsjes yn oarlochstiid. Yn 1942 nimt “onderhopman” L.J.C. Simmers dizze foto's fan de tsjasker. Hy is yn july 1941 beneamd as ôfdielingskommandant fan de N.A.D. (Nederlandse Arbeidsdienst Dienst) te Warkum, dy't it Griene Strân yn kultuer bringe moat. De klaailaach, dy't ûnder it sân sit moat nei boppen wurke wurde en de dyk ferhege. Sa'n 125 oant 200 manlju binne dêr oan it wurk. Se wenje yn barakken yn it kamp mei de namme “It Romme Fjild”. Nei de oarloch is dêr it park kommen.

Oan de ein fan de oarloch sit Simmers yn it ferset. Sa helpt er de Warkumer domeny Van Veen, dy't yn Den Haach ûnderdûkt is, by it transport fan distribúsjebeskieden foar ûnderdûkers.  
De tsjasker is no al wer in pear wike fuort. Allinnich de peal dêr't er op lizze moat stiet der noch. It wurdt by Bouw '75 restaurearre.

fotokolleksje Warkums Erfskip



Catharinus de Jong

Dizze foto fan it boerespultsje fan Catrinus de Jong en syn frou Eelkje de Jong-Kuipers (no: Ype en Margriet de Boer) oan de Folkemar is makke om 1910 hinne.

De minsken op de foto binne f.l.n.r. Catharinus de Jong, Eelkje de Jong-Kuipers, Durk de Jong, Sybrichje (Siep) de Jong en Catrinus de Jong.

De skuorre (de berch) mei it bûthús is noch sa goed as nij. Yn 1955 is it wenhûs ôfbrutsen en ferfongen troch in nijenien.

Yn de simmer fan 1921 wie it sa droech dat de hiele Folkemar op in dobbe yn de midden nei droech lei. Yn dyselde simmer wie dochter Siep (slim) siik. Mei (mjuks)planken waard doe it brakke waskwetter út dy dobbe helle. Siep is ferstoarn op 30 july 1926. Dit ferhaal is my ferteld troch Durk C.de Jong.

Durk (fan Catrinus) de Jong wie in man mei aparte siswizen. Hjir binne in pear:

“Ik bin leaver syn tsjerkeboek as syn bûsmes” (dat sei er fan ien, dêr't er leaver sa no en dan as regelmjittich gedoente mei ha woe).
“Hy komt út de hânskrobbershoeke” (Hy komt út de (Fryske) Wâlden)
It is al in skoftke froastich waar. Wat tinke jo fan it waar, De Jong? “Dat kin ik dy wol krekt fertelle. Sjoch mar, de moanne is oan it slydjeien.” (de moanne leit yn syn lêste kertier stal/foarm mei de bolle kant nei de ierde ta). “Wy krije dus noch folle mear froast.” Mar dyselde jûn rûnen de goaten!

Fotokolleksje Willem D. Hengst
Till, 0515 - 54 15 06


Yn de ûngetiid
Wêr't de foto ±1915 nommen is, is net bekend, mar de man yn it wyt mei de wite hoed is Marten Klazes Hijlkema. Soe it spultsje op de eftergrûn fan de famylje Catrinus de Jong (No Ype en Margriet de Boer) wêze, dan binne de manlju yn “Sibearje” (in stik lân tusken de Folkemar en it Ekstergat) oan it wurk.  It famke dat der by is hâldt op de foto ûnder de hannen boppe de eagen. Hat se lêst fan de sinne of docht se de fotograaf nei?                                                              (fotokolleksje Willem D. Hengst)



"Klein Welgelegen"

Op 19 augustus 1859 waard "Klein Welgelegen" beskreaun en op 2 septimber 1859 finaal ferkocht. Yn opdracht fan Uilke Everts Dijkstra kocht buorman Haring Roelofs Abma de pleats. Op 12 maaie 1860 kaam de famylje Dykstra op de pleats. Uilke stoar dat selde jier op 11 novimber. Syn widdo Antje Siemons Attema liet yn 1864 in nije pleats sette. De âlde pleats dy't efter de nije stie, waard ôfbrutsen. Antsje stoar op 28 augustus 1900. Har net troude soan Siemen hierde de pleats fan de erven oant 1908. Yn oktober 1908 waard der boelguod holden en kaam de famylje Van der Gaast op de pleats. Oant 1923 hierde de famylje Van der Gaast de pleats fan de erven Dijkstra. Yn 1923 waard de pleats ferkocht oan Berendina Johanna de Bloq van Scheltema, frou fan Petrus Dorhout Mees. De famylje Van der Gaast bleau op de pleats,
(fotokolleksje fam. Hengst-Hijlkema; gegevens fan Wiebe Bakker, Warkum)