1900



Textart 7-document


        publisearre yn de Buurtsboade fan 2000

út de Friso fan  woansdei 10 jannewaris 1900:



"Studio" is yn 1898 oprjochte en begûn mei 16 leden. De earste útfiering sil yn it Herfoarme lokaal (no de S.O.W.-tsjerke) holden wurde.  Froulju út it Heidenskip hawwe it faandel makke mei it opskrift:
CHR MUZIEKCORPS
“Studio”
HEIDENSCHAP
1898.
It hat it oant 1948 folholden. Doe krige Studio tidens har 50-jierrich jubileum in nij faandel kado fan Doarps- en Streekbelang. It âlde faandel waard fan doe ôf “it âld fel” neamd. Spitigernôch is it op in bepaald stuit foartrekke. Miskien is der ien dy’t wit wat der mei bard is?



Mei it "Oud Lokaal" wurdt it âlde baptiste tsjerkje (fan 1903 ôf offisjeel Grifformeard) mei bedoeld. It stie op it hiem fan Jolle de Vries.


út de Friso fan 7 febrewaris 1900:

         I n g e z o n d e n.
_________________________________________
  Door het onklaar worden van den watermolen
der Heidenschapster Veenpolder is dat land bijna
in een meer herschapen, waaruit hier en daar een
huis, een boomkopje of de punten van een hek de
vroegere woonplaats verraadt.
  Deze ongewone toestand is voor de polderbewo-
ners zeer kritiek; gelukkig vinden ze bij dezen
watersnood bij goede vrienden nog een onderdak.
                              X.


út de Friso fan woansdei 14 maart 1900:

    Aanbesteding.
BURGEMEESTER en WETHOUDERS
van WORKUM zullen op Donderdag
den 22 Maart e.k., 's middags 12 uur,
bij enkele inschrijving, ten Gemeentehuize
aldaar aanbesteden :
    het baggeren van het verlengde
        van de Heidenschapstervaart
           vanaf het Zet bij v. d. Meulen
         tot aan de Aant Lieuwespoel.
  WORKUM, 12 Maart 1900.
    T. M. ten BERGE, Burgemeester.
    J. OUDEBOON, Secretaris.

Hendrik Siebes van der Meulen wennet mei syn frou Janke Thomas’ Conradi op de pleats dêr’t no Ultsje en Froukje Wiersma wenje. It set leit op hast it selde plak as de dûker fan tsjintwurdich.


út de Friso fan woansdei 21 maart 1900:

Hieronimus Flapper wennet op de pleats by mole De Snip. Yn 1925 is de pleats ôfbrutsen en ferfongen troch in nijen ien mei de namme Zathe Catharina (ôfbarnd yn 1991).

Burgerlijke Stand.
Workum, van 12 tot 19 Maart

  Geboren: Ulbe Jan z v Bauke Yntema en Janke
van Dijk

Bauke en Janke Yntema wenje (noch) op de pleats fan Jan en Richtsje Noordenbos. Ulbe Jan is ferneamd nei syn pake Ulbe Jans van Dijk.

út de Friso fan sneon 24 maart 1900:

  WORKUM, 22 Maart 1900.   Bij de heden
ten Gemeentehuize gehouden aanbesteding van
het baggeren van het verlengde der Heiden-
schapster vaart vanaf het zet bij H. v. d.
Meulen tot de Aant Lieuwespoel was ingeschre-
ven door:
H. de Groot te Workum    met    f 870
J. Bruinsma    »    »       »    » 846
T. de Vries    »    »       »    » 844
J. A. de Vries te Hindeloopen »    » 835
en H. T. de Jong te Oudehaske »    » 820
  Het werk is niet gegund.

    Boereboelgoed
... op Woensdag den 18  April a.s. ten
huize van IJkele IJpes Haitema in het
Heidenschap onder Nijega.
               J.  DE JONG, Notaris.


Ikele Haitema hat yn 1895 de pleats sette litten. Nei him sille hjir Harmen Westerman en syn frou Afke Demmer op buorkje. No buorkje hjir Marten en Antsje Groenhof.


út de Friso fan woansdei 25 april 1900:

Geboren:   BOUKE, Zoon van
  HENDRIK G. GERRITSEN en
  ALBERTJE B. HAITSMA
Workumerveld, 20 April 1900.
    Algemeene Kennisgeving.

Burgerlijke Stand.

Workum, van 16 tot 23 April.
  Geboren: Jan Johannes z v Tjeerd Beekema
en Marijke van der Bles...
                   Bauke z v Hendrik
Gerritsen en Albertje Haitsma...

Hemel. Oldeph. en Noordwolde, van 8 tot 22 April.
  Overleden:          ... Jiskjen Westerbaan
11 md.,  ....  te Nijega.

Tjeerd en Marijke Beekema hawwe in kafee op it Julianabuertsje (no Bonte en Gretha de Bruin). Yn 1910 sille se in nij kafee bouwe litte (no Wytse en Nelly Hofman).
Hendrik en Albertje Gerritsen wenje op de pleats fan foarhinne Hartman.
Jiskjen wie it dochterke fan Ige en Afke Westerbaan-Groenhof. Se is tusken 30 april en 7 maaie 1899 berne.


út de Friso fan woansdei 2 maaie 1900:

    Boereboelgoed
      onder WORKUM.
  De Notaris C. TJEBBES te Workum
zal op Woensdag den 9 Mei 1900, des
voormiddags 9 uur, ten huize van EPKE
LEENSTRA onder Workum, bij boelgoed
tegen contante betaling verkoopen:
  1.   Een uitmuntend en gezond BESLAG
VEE, bestaande in 35 Hoornbeesten, en
wel: 27 melke, kalve en vare Koeien, 7
hokkelingen en 1 hokkelingstier; 3 Paar-
den, als: een 2-jarige beste Merrie, een
merrie (best werkpaard) en een ruin, mak
en in alle tuig bereden, en eenige suip-
kalveren.
  2.   BOEREREEUW en GEREED-
SCHAPPEN, als: Glaswagen, 3 Hooi-
wagens, Kaaspers, Karn met koperen hoep,
nieuwe Sleeptrog, Kret met planken, Kaas-
vaten, koperen en houten Emmers, Paarde-
tuig, Harken, vorken, griepen, Schuppen,
Tonnen, Troggen, Zeilboot met Riemen
en hetgeen meer zal worden aangeboden.
  Koekdisschen en Hakblokken worden
op of bij de Hieminge niet toegelaten.

De pleats hie de namme “De Draai in de schoorsteen”. No wenje Folkert Twijnstra en Tryntsje Wijnja op dat plak.


lofts: "De Gedraaide Schoorsteen";
rjochts: "Groot-" en "Klein Vischwijk".
de wettermole (WrM) stiet oan de Alde Grêft.


Burgerlijke Stand.
Hemel. Oldeph. en Noordwolde, van 22 tot 29 April.

  Geboren:             ... Jeltje d v
Marten Deinum en IJmkje Visser, ... te Oudega ...
  Overleden:             ... Jiskjen
Westerbaan 11 md, ... te Oudega.

Marten en Ymkje Deinum wenje op de foarste pleats yn ‘e Skar (no fam. Bouma).
Jiskjen Westerbaan stiet no wer yn de boargerlike stân, mar no mei as stjerplak “Oudega”. It kin bêst wêze dat se mei harren modderskûtsje op dat stuit yn ‘e Skar leine . Brânburren (= Nijegea) is harren thúshaven.


út de Friso fan sneon 5 maaie 1900:

  WORKUM.   Bij de centrale stierenkeuring
gister, Donderdag, te Leeuwarden gehouden is
o.a. bekroond met den 2e prijs de Stamboek-
stier Postma, onder No. 837 toebehoorend aan
den heer Tj. Westendorp alhier.

Bij Tj. WESTENDORP
in het HEIDENSCHAP.
staat tot springen gereed de
Stamboekstier POSTMA
No. 837. Bekroond in 1899 en 1900
telkens met een onderhoudspremie van
f 100 en bij de Centrale keuring op
Donderdag 3 Mei 1900 te Leeuwarden
gehouden, bekroond met de 2de prijs.
Springgeld f 0.75.

        Lam vermist
    in het HEIDENSCHAP, merk ieder oor
    een rond gat.
       Voor de terugbezorging wordt een
    gulden betaald bij
                SJ. VALLINGA
                      Workum.

Tsjêbe Westendorp wennet op “Groot Welgelegen” (no Mellius en Ytsje Kramer).
Sjoerd Vallinga hat oant ± 1896 op de Helpleats wenne. No buorket er op Algeraburren (no Bauke en Ytjse Hooghiemstra), mar brûkt noch altiten lân yn it Heidenskip.


út de Friso fan woansdei 9 maaie 1900:

    Heden Woensdag
         des voormiddags 9 uur,
    Boereboelgoed
         ten huize van
EPKE LEENSTRA onder Workum
        C. TJEBBES, Notaris.

Epke Leenstra is boer op “De Gedraaide Schoorsteen”. De pleats stie op it plak dêr’t Folkert Twynstra en Tryntsje Wynja no wenje.


út de Friso fan woansdei 16 maaie 1900:

Burgerlijke Stand.
Workum, van 7 tot 14 Mei.

  Gehuwd:             ... Sjerp Hait-
sma 32 jr en Tettje Bouma 21 jr, beiden van
Workum ...
  Overleden: Trijntje Belkom 73 jr wed v Ulbe
van Dijk

Sjerp Baukes Haitsma en Tettje Ynzes Bouma litte in húske sette by de Kninebuert (no Potthoff).
Trijntje Annes Belkom wenne yn it lêst fan har libben op it Súd te Warkum  (Wyk C nr. 30). Op 15 en 22 juny o.s, sil har hûs ferkocht wurde en op 26 juny o.s. sil der in boelguod holden uwrde. Hast alles wurdt ferkocht, sels goud- en sulverguod. Trijntje waard op 4 july 1826 yn Avenhorn (noard Hollân) berne. Op 11 july 1849 troude se mei de út Hannover ôfkomstige Heidenskipster feanbaas en letter boer Johann Heinrich Werstermann (1815-1865). Se buorken op de pleats dy’t efter de pleats stien hat fan de fam. Groenhof oan de Fluezen. Op 20 septimber 1868 troude se mei Ulbe Jans van Dijk (1826-1891), boer yn de Graverij by de mole fan de Heidenskipster feanpolder (no Broers en Buma).


út de Friso fan woansdei 23 maaie 1900:

    Heden overleed, na voorzien te
    zijn van de H.H. Sacramenten der
    stervenden, in den ouderdom van
    42 jaar mijne geliefde Dochter

             Juliana Pieters de Jong

    Wed. van den heer JELLE DIJKSTRA,
    nalatende drie Kinderen.

        Mede namens de Kinderen,
        Wed. P. T. DE  JONG.
       
         Workum, 21 Mei 1900.

Juliana (doopnamme), Jeltje (namme yn de boargerlike stân) of Jule (ropanmme) hat al in skoft siik west. Har man Jelle Jelgers Dijkstra hie him al soargen makke om syn frou. Doe't er nei in wûnderdokter gie om rie, sei dy tsjin him, dat  er him mear soargen om him selts meitsje moast. In fjirtjen dagen letter, 22 juny 1899, wie Jelle sels al stoarn. Hy waard 43 jier.
De trije bern binne  Marie (sil mei Jan Reins de Boer trouwe en op de âlderlike pleats komme, letter wurdt  de pleats fan Johannes en Anne van der Wal foar harren boud), Pieter (hy sil pater wurde by de Carmeliten as Julius, by de Heidenskipsters en de famylje is er mear bekend as pater Pyt) en Johanna (sil mei Sible Tsjêbes Westendorp trouwe. Earst komme se op de pleats fan Evert en .Dora Ettema en letter op de âlderlike pleats)..


Burgerlijke Stand.
Workum, van 14 tot 21 Mei

  Gehuwd: Douwe Dijkstra 23 jr van Nijega
en Trijntje Post 24 jr van Workum.

Hemel. Oldeph. en Noordwolde, van 13 tot 20 Mei.

  Geboren: ...
Hotske d v Johannes Feenstra en Trijntje Deinum
te Nijega.

Johannes Feenstra is skipper op Brânburren. Hy ûnderhâldtde beurt tusken it Heidenskip en Snits.


út de Friso fan woansdei 30 maaie 1900:

Burgerlijke Stand.
Workum, van 21 tot 28 Mei.

  Overleden:             ... Jeltje
de Jong 42 jr wed v Jelle Dijkstra.

Hemel. Oldeph. en Noordwolde, van 20 tot 27 Mei.

  Gehuwd: Jan Jagersma 27 jr met Grietje op
de Hoek 23 jr, beide van Nijega.

Jan en Grytsje Jagersma sille boer wurde op it plak dêr Yde en Dine Bouma no wenje.


út de Friso fan tongersdei 7 juny 1900:

   HEM. OLDEPH. EN NW.,   5 Juni.     Te
Amsterdam slaagde de vorige week voor het
examen van onderwijzeres (tevens voor vakken
k en j)  mej. S. Demmer te Heidenschap. Te
Leeuwarden slaagden de heeren A. Demmer
aldaar en D. Demmer te Molkwerum.


út de Friso fan sneon 14 july 1900:

  WORKUM.   Bij het heden gehouden over-
gangs-examen aan het Gymnasium te Sneek
zijn o. a. overgegaan onvoorwaardelijk, onze
stadgenooten. ...

  van de 2e tot de 3e  klasse
  K. Engelsma.

Klaas Engelsma sil letter dûmny wurde.


út de Friso fan woansdei 18 juli 1900:

     Aan belanghebbenden wordt
        bekend gemaakt dat de
        Hengst ,,HERTOG''
  vanaf Zaterdag 21 Juli niet meer
  ter dekking beschikbaar is.
     WORKUM.                  H. FLAPPER

Hieronymus Flapper wennet op it plak dêr’t sathe Catharina (fam. Gaastra) no stiet. Hertog wie  neffens  de  advertinsje  yn  de  Friso  fan 21 maart 1900 in “fraaie Oldenburger goudvos bles”. Foar it dekken moast ƒ 8,- betelle wurde.


út de Friso fan woansdei 15 augustus 1900:

Publieke Verkooping
van
Zathe en Landen
en
eenige perceelen best WEILAND
onder Workum en Hieslum

  De Notaris C. TJEBBES te Workum
zal op Vrijdagen den 7 en 21 September
1900, telkens des namiddags 2½ uur, pro-
visioneel in het Hôtel ,,Ketelaar'', en finaal
in de Societeit ,,Harmonie'', beide aldaar,
publiek veilen en verkoopen:

  1.   Eene zeer vruchtbare ZATHE en
LANDEN, genaamd de Gedraaide Schoor-
steen, met BOERENHUIZINGE, WATER-
MOLEN en Weilanden, bijna geheel aan
één kavel gelegen aan het Vaarwater ,,de
Oude Gracht'' en den Reed naar den
Oudendijk in het Workumerveld onder
Workum, groot 30 hectaren 67 aren 60
centiaren of 83½ maal 36¾ aren.
  In huur bij J. Buwalda voor f 2200
in het jaar...
        
  Voorwaarden te vernemen en verkoop-
boekjes met kaart te bekomen ten kantore
van den Notaris.

“De Gedraaide Schoorsteen” stiet op it plak dêr’t Folkert Twynstra en Tryntsje Wynja no wenje.  De mole (in mûnts) stie oan de lettere Ursuladyk by Smeding foar de glêzen. De 83,5 pm lân lei tusken de Alde Grêft, de Fiskwyk, it lân fan sate Groot Vischwijk en it lân fan hjoed-de-dei Plantinga yn.


út de Friso fan woansdei 18 augustus 1900:

HEIDENSCHAPSTERVEENPOLDER
  Het BESTUUR van den POLDER ge-
legen in de gemeenten WORKUM en HEME-
LUMER OLDEPHAERT EN NOORDWOLDE geeft
aan de belanghebbenden kennis dat vanaf
den 17 dezer ten huize van den Secr.-
Ontv. ter inzage liggen:
  Gedurende acht dagen de Rekening
en Verantwoording van 1899 - en
de Staat van Begrooting met Memorie
van Toelichting voor 1901, veertien dagen
het Kohier van de heffing der Maal
gelden over 1900.
  Workum, 14 Augs. 1900.
           Het Bestuur voornoemd:
        C. TJEBBES, Voorz.
        J. DEINUM, Secr.-Ontv.


út de Friso fan sneon 25 augustus 1900:

  HEIDENSCHAP.   Het onweder van Dins-
dagnamiddag heeft hier en daar nog al schade
aangericht.
  O. a. zijn bij den landbouwer Tj. Stelling-
werf twee koeien door den bliksem getroffen;
het eene beest is lam geslagen, het andere
was onmiddelijk dood.

Tseard Stellingwerf wennet op de pleats fan de fam. Engelsma (Heidenskipsterdyk).


út de Friso fan woansdei 5 septimber 1900:

Burgerlijke Stand.
Workum, van 27 Augustus tot 3 September.
  Overleden: Antje Attema 85 jr wed v Uilke
Dijkstra

Antsje Simens Attema (de Gaastmar 08.12.1814 - it Heidenskip 28.08.1900) en Ulke Everts Dykstra (it Heidenskip 18.10.1812 - it Heidenskip 11.10.1860) hawwe op “Klein Welgelegen” (fam. Fekken) buorke. Wierskynlik hawwe Ulkes âlden Evert Jarigs Dykstra (Frjentsjer 29.08.1784 - Warkum 06.10.1846) en Klaaske Ulkes Oudendijk (doopt te Warkum 16.07.1769 - Warkum 17.06.1841) dêr ek wenne.


út de Friso fan woansdei 12 septimber 1900:

Vruchtbare ZATHE en LANDEN
               en
eenige perceelen best WEILAND
onder Workum en Hieslum.
  De Notaris C. TJEBBES te Workum
zal op Vrijdag den 21 September 1900,
des namiddags 2½ uur, in de Societeit
,,Harmonie'', aldaar , finaal verkoopen:
        
  1.  Eene zeer vruchtbare ZATHE en
LANDEN, genaamd de Gedraaide Schoor-
steen, met BOERENHUIZINGE, WATER-
MOLEN en Weilanden, bijna geheel aan
één kavel gelegen aan het Vaarwater ,,de
Oude Gracht'' en den Reed naar den
Oudendijk in het Workumerveld onder
Workum, groot 30 hectaren 67 aren 60
centiaren of 83½ maal 36¾ aren.
  In huur bij J. Buwalda voor f 2200
in het jaar.
  Bij toewijzing in één perceel desverkie-
zende te aanvaarden 5 Maart en 12 Mei
1901. Geboden op perc. 1 f 1689 en
per 36¾ are op : perc. 2 f 424, perc. 3
f 279, perc. 4 f 342, perc. 5 f 475, perc.
6 f 387, perc. 7 f 564, perc. 8 f 391,
perc. 9 f 162. Totaal f 34,059.15.
        ...

Burgerlijke Stand.
Workum, van 3 tot 10 September.

  Overleden:  Alida 1 jr d v Sjoerd Dijkstra en
Apollonia Overmeer.

Sjoerd en Apollonia Dijkstra wenje op “Groot Vischwijk”. Alida is ein july 1899 berne.

sjoch foar mear oer it jier 1900 op
De It Heidenskip Site