Hendrik Gerlofs Gerritsen en Albertje Boukes Haitsma |
|
Hendrik Gerlofs Gerritsen
en
Albertje Boukes Haitsma
in reaksje op:
100 jier lyn
Ut de Friso fan woansdei 10 april 1895
Yn de Buurtsboade fan maart 1995 stie it folgjende berjocht:
Geboren: Gerlof, zoon van
HENDRIK G. GERRITSEN
en
ALBERTJE B. HAITSMA
WORKUMERVELD, 5 April 1895.
Algemeene kennisgeving
As kommentaar wie der by setten:
Hindrik Gelfs Gerritsen en Albertsje Baukes Haitsma buorkje sûnt ±1860 op de
pleats fan Hartman. Dêrfoar buorke syn heit dêr. Fan ±1900 ôf sil harren soan Willem, dy't yn 1906 nei Amearika emigrearret, dêr buorkje.
Piet Gaastra, pake- en beppesizzer fan Hindrik en Albertsje Gerritsen-Haitsma, fertelde my dat fan dat kommentaar net safolle kloppet:
Hindrik en Albertsje hawwe der net fan 1860 ôf buorke mar folle letter.
Boppedat hawwe se nea in soan mei de namme Willem hân en der hat ek nea in Willem nei harren op dy pleats buorke.
Dêrom no it wiere ferhaal oer Hindrik G. Gerritsen en Albertsje B. Haitsma en harren sibben.
Hindrik Gerlofs Gerritsen en Albertsje Boukes Haitsma
Hendrik Gerlofs Gerritsen en Albertje Baukes Haitsma
Al yn it jier 1858 wurdt Hindriks heit, Gerlof Gerrits Gerritsen as eigener en brûker fan de pleats fan hjoed-de-dei Fons Hartman neamd. Gerlof Gerrits Gerritsen is troud mei Janke Tromp Schotanus. Nei de dea fan Gerlof (foar 1870) wurdt de pleats troch de jongste soan Hindrik (berne 13 july 1853) foar syn mem fuortset. As Janke Tromp stjert is Hindrik al fjirtich jier âld en noch altiten frijfeint.
Janke Tromp Schotanus
It buorfamke Albertsje Boukes Haitsma (berne 15 juny 1873) docht de húshâlding by Hindrik. Hindrik en Albertsje meie elkoar sa't bliken docht wol lije. Doe't Albertsje noch in lyts famke wie, hie hja wol gauris de hikke foar Hindrik iepen dien. Hindrik sei dan út 'e gek: "Asto grut bist trou ik mei dy!" En no is 't dan safier. Hja trouwe op 21 july 1894 en op 5 april 1895 wurdt harren earste soan berne: Gerlof.
De hiele famylje Gerritsen is oeral. De 40-jierrige sûkeromke Hindrik trout mei de tweintich jier jongere Albertsje, sadat de erfenis harren noas foarby giet. De pleats is noch altiten yn hannen fan de famylje. De hier wurdt opsein en de pleats ûnder de famylje by opbod ferkocht. De sitting fynt plak yn de moaie keamer. Alle bruorren, susters en sweagers binne oanwêzich. Sweager Piter A. Lootsma, troud mei Wikje Gerritsen, biedet hyltiten boppe Hindrik út. Op it lêst moat Hindrik belies jaan en seit: "No Piter, dan moatte jo de pleats mar ha."
july-augustus 1899
Hindrik Gerritsen en Albertsje Haitsma mei
de bern Gerlof, Sietske, Janke Tromp en Wytske
It achtste bern, Engel, is krekt berne (10.04.1904) as Hindrik en Albertsje op 12 maaie 1904 de pleats ferlitte moatte. Hja ferfarre nei in folle lytsere pleats oan de Trekwei yn Warkum (hjoed-de-dei Garaazje Siemonsma).
Ien jier letter erve Hindrik en Albertsje fan Wytske Schuurmans-Gerritsen, in suster fan Hindrik, in pleats oan de Alde Dyk (hjoed-de-dei Berend de Zwart) dêr't hja noch jierren op buorkje sille.
Efterste rigele f.l.n.r.: Gerlof, Wietske, Sietske, Janke, Bauke en Lieuwkje
Foaroan f.l.n.r.: Engel, Woltje, Hendrik, Albertje en Broerkje
f.l.n.r.: Broerkje (Bukke) Gerritsen, Hendrik Gerritsen, Engel Gaastra-Gerritsen,
Albertje Gerritsen-Haitsma mei Hendrik Robijns, Ria (frou fan Gerlof),
Sietske Robijns-Gerritsen, Lieuwkje Schagen-Gerritsen en
Jan Robijns mei syn soan Frederik op 'e earm.
De bern fan Hendrik Gerlofs Gerritsen (13.07.1853 - 1928) en
Albertje Boukes Haitsma (15.06.1873 - 1955):
1. Gerlof 05.04.1895 earste stjoerman op de grutte feart
2. Sietske 13.04.1896 x J. Robijns
3. Janke Tromp 26.07.1897 x S.B. Gaastra
4. Wytske 20.11.1898 x M.J.C. van Schagen
5. Bouke 20.04.1900 dokter yn Batavia en Rotterdam
6. Woltje 02.12.1901 x K. Jansen
7. Broerkjen 09.02.1903
8. Engel 10.04.1904 x Arij Gaastra
9. Lieuwkje 08.07.1906 x M.J.C. van Schagen
Engel Gaastra-Gerritsen is it iennichste bern fan Hindrik en Albertsje, dat noch libbet.
foto ûnder: de pleats fan Hindrik en Albertsje yn it beamtegrien (juny 1995)
Bouke Sjerps Haitsma en Sietske Jacobus Posthuma
(de âlden fan Albertsje)
Bauke Sjerps Haitsma
Bouke Sjerps Haitsma is op 26 febrewaris 1832 te Ingwier by Makkum berne. Yn 1837 ferfart de famylje Haitsma nei de Lytse Wiske. Yn april 1838 ferliest Bouke op ien dei syn beide âlden. In omke en muoike sille no foar de pleats en de bern soargje. Mar in jier letter stjert omke en wer in jier letter wertrout muoike. De âldste suster fan Bouke soarget tenei foar de húshâlding wylst in feint de buorkerij docht.
As in 1846 de âldste suster trout wurdt de pleats opjûn en de hiele húshâlding rekket útelkoar.
Bouke komt by Doekele Reinders Dykstra te wenjen. By de bruorren Vinnema leart Bouke, wierskynlik omdat er kreupel is, it kleanmakkersfak.
Neidat Bouke noch in skoftke wat ûnderfining by de winkelman Jan Tol fan Penjum op dien hat, ferfart er nei it Heidenskip. Hy besiket de kost te fertsjinjen mei it kleanmakkersfak. Sadwaande wurdt er yn it Heidenskip al gau "Bouke Snider" neamd.
Likernôch 1860 trout Bouke mei Sietske Jacobus Posthuma (berne 1 maaie 1838) fan Penjum. Hja krije meiïnoar âlve bern.
De bern fan Bouke Sjerps Haitsma (26.02.1832 - 28.01.1927) en
Sietske Jacobus Posthuma ( 01.05.1838 - 24.12.1897):
1. Broerkje 11.08.1861 x (1883, U.S.A.) Teake Foppes Venema 1859
2. Lieuwkje 27.11.1862 - 26.03.1879
3. Engeltje 20.07.1864 x a. (1885) Jentje Rinks Smits 1857
b. (1901) Marten Klazes Hielkema 1848
4. Afke 21.02.1866 x (1888, U.S.A.) Klaas Sieswerda 1866
5. Sjerp 09.01.1868 x (1900) Tetje Y. Bouma 1879
6. Tjitske 03.07.1871 x (1897, U.S.A.) Willem Annes Elgersma 1870
7. Albertje 15.06.1873 x (1894) Hendrik Gerlofs Gerritsen 1853
8. Gerardus Jacobus 16.12.1874 x (1907) Uilkje Tacoma
9. Rients 24.06.1877 x (1902, U.S.A.) Nelly Esther
10. Hendrik 04.07.1880 x (1898) Tietje Douwes Buwalda 1878
11. Lieuwkje 22.04.1882 x (1907, U.S.A.) Lieuwe S. Bangma
Broerkje
|
Engel
|
Tjitske
|
Albertje
|
|
|
Gerardus Jacobus
|
Rients
|
Lieuwkje
|
kaart ûnder: it Warkumer Fjild 1906
foto boppe: fiif romers dy't yn it kafee fan Bouke en Sytske brûkt binne
Om foar al dy bern brea op 'e planke te krijen, begjinne Bouke en Sytske ek noch in komelkerij en harren wente rjochtsje hja as kafee yn.
It kafee stiet by de brêge oer de Alde- of Beginegrêft (foar de pleats fan Rob en Tineke de Bruin). In hiele soad ferfier giet oer it wetter. Oaren ferfiere harren guod mei weinen of sliden. In eltsenien dy oer of ûnder de brêge troch moat kin eefkes yn it kafee fan Bouke en Sytske útrêste en wat ite of drinke. As it iis sterk is en in protte minsken op redens foarby komme spilet Bouke op de fioele en it lûkharmoanika. Hy hopet sa it folk yn syn kafeetsje te krijen.
Sytske stjert al op 24 desimber 1897 (Hja is yn de reinwettersbak ferdronken). Bouke is syn lêste libbensjierren blyn en wurdt troch syn dochter Engel Hielkema-Haitsma, dy't op it Noard yn Warkum nêst him wennet, fersoarge. Op 28 jannewaris 1927 komt Bouke "Snider" te ferstjerren, hast 95 jier âld.
f.l.n.r.: pakesizzer Lieuwkje Gerritsen, Bouke Haitsma
en dochter Engel Hijlkema-Haitsma
Begjin dizze ieu (± 1915) is in eintsje fan it kafeetsje ôf in nije pleats setten (no De Bruin). Ulke Brechtus' Dykstra en syn frou Feikje Feikes Nauta wurde de earste bewenners. Hja litte âlde kafeetsje-buorkerijke ôfbrekke. De reed fan de nije pleats nei de brêge ta hat lange tiid in kronkel om it âlde stee meitsje moatten. Dêr siet nammentlik de ticht smiten wetterput. Jierren lang hawwe de famyljes Dykstra, Sikma en De Bruin wurk hân om dy put ticht te krijen. Sûnt inkelde jierren sakket de grûn dêr net mear. En de reed?....Dy is der net mear!
foto ûnder: it Noard te Warkum. Bouke "Snider" wenne yn it hûs lofts en syn dochter Engel Hielkema-Haitsma yn it grutte hûs rjochts
Sjerp Boukes Haitsma en Broerkje Engeles Postema
(de pake en beppe fan Albertsje)
Boukes heit en mem, Sjerp Boukes Haitsma en Broerkje Engeles Postema, buorkje op in pleats te Ingwier by Makkum, krekt lyk as Boukes pake en beppe dat dien hawwe.
Bouke en syn broer en susters binne allegear op dy pleats berne
De bern fan Sjerp Boukes Haitsma en Broerkje Engeles Postema:
1. Liekeltje 1827
2. Engelberd 1829
3. Tjitske 1830
4. Bouke 1832
5. Gretske 1834
6. Rients 1837
De húshâlding ferfart yn 1837 nei de Warkumer Wiske. Hja komme op de krekt fernijde "Beamkepleats" (hjoed-de-dei Van Gun) te wenjen. Teake Abels Hoekema is eigener fan de pleats. Omdat de eigener minderjierrig is berêdt Tsjerk Jans van der Burg fan Warkum de boel foar him.
Noch gjin jier letter, april 1838, stjerre Sjerp en Broerkje op deselde dei oan in saneamde sinking ek wol sinkingskoarts of -sykte neamd, in slimme gryp. Se wurde op it Warkumer tsjerkhôf, lofts fan it paad dat nei de noarder tsjerkedoar ta rint, begroeven.
In omke en in muoike, Rienk Vogelzang en Klaske Engeles Postema komme by de bern op de pleats te wenjen. Mar nei in jier stjert omke Rienk en wer in jier letter trout muoike op 'e nij. No mei de turfskipper Durk Reins Reinsma.
Fan no ôf docht de âldste dochter Likeltsje de húshâlding en de grutfeint Sibe de Vries, dêr't hja o sa wiis mei binne, de buorkerij.
Yn 1846 trout Likeltsje. De "Beamkepleats" wurdt opjûn en de hiele húshâlding rekket útelkoar.
Ingele en Tsjitske komme yn tsjinst by de boer.
Gretske wurdt troch Eibert Wypkes Popta fan Goaiïngaryp meinommen.
De de jongste, Rients, wurdt troch de feint Sibe de Vries grut brocht. Sibe sil by in oare boer wer wurk fine.
Bouke komt by Doekele Reinders Dykstra te wenjen en leart it kleanmakkersfak by de dôve bruorren Vinnema. Harren mem is in suster fan Eibert Wypkes Popta.
Boarnen:
Uit het leven van Bouke Sjerps Haitsma. Koemelker-Kleermaker-Kaffeehouder-Vioolspeler. Sietske Robijns-Gerritsen (1896-1959);
Friso 24 jannewaris 1964. Warkums Erfskip. Alde Saten XIV. Watze T. Beetstra;
Friso 8 jannewaris 1965. Warkums Erfskip. Alde Saten XLII. Watze T. Beetstra;
Buurtsboade, nr. 2, febrewaris 1994. Ut it ferline fan it Heidenskip. Sjoerd Huitema;
Petear mei Piet en Trijn Gaastra-van der Wal (soan en skoandochter fan Engel Gaastra-Gerritsen). Juny 1995;
Petear mei Sjoerd Huitema (oerpakesizzer fan Hindrik Boukes Haitsma). Juny 1995.
Foto's Gerrit Twynstra en de fotokolleksjes fan W.D. Hengst en F. Robyns